
Taspraak hâlden yn Tresoar op 21-04-2017, by de presintaasje fan Het vaderpaard / It faderpaard. Alle gedichten, fan Tsjêbbe Hettinga.
De earste kear dat Tsjêbbe Hettinga yn it tydskrift Hjir publisearre wie yn it oktober-nûmer fan 1973 mei fjouwer gedichten. Ien dêrfan wie ‘Simmer yn Fryslân’. Ik sitearje:
Simmer yn Fryslân
oeral weaget it wetter wer waarm
tusken de rûzjende reiden
oeral stiet it nôt te wiuwen en te winken
en oeral longeret it hea nei in hite lea
oeral fleurje de froulju wer op
en smite skeane eagen (mei in soad wyt)
dy’t him de griene riten besoargje
dy’t harren hichtepunten fine
yn de griene reiden
yn it as in nêst platleine nôt
of njonken in heane lea
yn it himelske hea
yn syn âlde gea:
it simmerske fryslân
De poëzy dêr’t Tsjêbbe grut mei wurden is, sit der al yn mear as embryonale foarm yn.
Hoe kamen dy gedichten yn Hjir telâne, hoe kaam Tsjêbbe by Hjir telâne? Hjir wie troch my en myn sweager Bonne Stienstra oprjochte yn de simmer fan 1972. Ik koe Tsjêbbe doe noch net, allinne syn namme: sawol yn 1970 (ienentweintich wie er doe) as 1971 hie er mei in gedicht in Rely Jorritsma-priis wûn. Ik wenne doe yn Hitsum by Frentsjer. En yn ’e bus fan Hitsum nei Frjenstjer leit it begjin. Yn dy bus kaam ik yn ’e kunde mei Piter Yedema, dy’t doe yn Wytmarsum wenne en krekt as ik mei de bus nei Frjentsjer reizge om dêr de trein te nimmen nei Ljouwert, dêr’t wy beide wurken. Ik koe Piter syn gesicht fan in foto dy’t ik yn Rym en ûnrym: Frysk Skriuwersalmanak 1972 sjoen hie (dêr’t er oars ûnder it pseudonym Witte de Vries yn stie). Wy koene it fuort aardich pratende hâlde en Piter neamde doe Tsjêbbe syn namme. Hy koe my wol mei him yn ’e kunde bringe. En sa betearde it. It kin bêst wêze dat Tsjêbbe dy earste gedichten yn Hjir op ’e fyts út Burchwert wei yn Hitsum brocht hat. Tsjêbbe en ik koene daliks goed. Syn publisearjen yn Hjir gong yn de nûmers dêrnei troch en ein 1974 waard de grutte stap set mei’t de Hjirredaksje, dêr’t ûnderwilens Sybe Krol it plak fan Bonne Stienstra yn ynnommen hie, en meiwurkers fan Hjir in gearkomste beleinen oer it útwreidzjen fan de redaksje. De gearkomste waard hâlden yn de opkeamer fan de kop-hals-romppleats fan de Hettinga’s yn Burchwert en it wie geweldich. Wy waarden gol en optein ûntfongen troch de hiele famylje. Piet Hettinga, Tsjêbbe syn heit, glondere fan ear ta ear en skonk ús, de mannen fan Hjir, bier en slokjes. Oan ’e ein fan ’e jûn bestie de redaksje nêst Sybe Krol en my út Piter Yedema, Jelle Kaspersma, Jacobus Dykstra, Tsjêbbe en Jacobus Smink. De lêste hie oars wol konneksjes mei de famylje Hettinga. Hy skreau my dêroer yn in mail: ‘Mei Tsjêbbe syn broer Arjen wenne ik yn Grins op de Grote Kromme Elleboog yn it sintrum by de Vismarkt. En doe kamen Wytske, Tsjêbbe en Eeltsje del en learde ik de hiele famylje kennen. Us heit hie wol kontakt mei Arjen syn heit, troch de hynders.’
Oer dy tiid dichte Jacobus spesjaal foar hjoed, dit gedicht:
broer fan
en ja, A. dat wie myn maat
wy wennen doe yn it sintrum
nei de dei kaam syn broer
mei liters pilsener bier yn ’e tas
en altyd in grut ferhaal, wier
te fertellen, dat we harken
ek kaam der noch in jongere
broer om te fertellen hoe’t it siet
ik skylde earpels en sea prei
ja, want we woene wol wat, ite
Tsjêbbe soe 15 jier yn de redaksje bliuwe en syn hiele ûntjouwing ta de dichter dy’t er wurden is, is yn it blêd werom te finen. Krapoan fyftich gedichten fan him stean yn Hjir, dêrnest inkele resinsjes, in pear proazastikken, in oersetting fan Fern Hill fan Dylan Thomas en in essee dêroer, in oersetting fan in ferhaal fan Thomas en de oersetting fan twa gedichten fan Derek Walcott mei in ynlieding. Hy koe as redaksjelid meiprate oer de ynkommen kopij om’t in redaksjelid, benammen Bouke Oldenhof en Jacobus Smink, dy foar him ynlies.
Dy redaksjegearkomsten waarden om ’e twa moanne hâlden en altyd op sneontejûn. En oergetten mei net te min drank, koene se foar Tsjêbbe nea te lang duorje. Wat waard der yngeand oer de kopij redendield, wat hiene wy in wille. As de gearkomste by ús yn Wiuwert – dêr’t wy hinne ferhuze wiene – hâlden waard en elkenien fuort wie, sieten Tsjêbbe – hy bleau dan meastentiids te sliepen – en ik moarns om fiif oere noch fleurich te keuveljen en oan in jonkje te nippen. Wat in tiden! Der wiene perioaden dat er my in pear kear yn ’e wike jûns let skille en dan wie er mar oan it wurd, like redenryk as yn syn gedichten. En dan woe er nijtsjes hearre út it literêre fjild. Doe’t er him yn 1982 yn Ljouwert nei wenjen set hie, ha der perioaden west dat ik alle wiken by him delkaam. Prachtich wie ek dy kear, dat Tsjêbbe en syn faam Tsjikke mei sterk iis by ús yn Wiuwert delkamen mei de redens en de stok ûnder ’e earm. Se wiene by Kromwâl ûnder Britswert ôfstapt en dêrwei nei ús ta rûn. Ik ha se net riden sjoen, mar sjoch it foar my: Tsjikke foarop, Tsjêbbe der flak achter, en elk de hân om ’e stok dy’t harren ferbûn. Nochris, wat in tiden!
De redaksjeleden besprutsen inoars wurk frank en frij. Piter Yedema sketste yn Hjir, nr. 1, 1976 yn syn resinsje fan de bondel Lân loft en leafde oangeande it gedicht ‘skieding’ in takomstbyld. Ik sitearje: ‘Sa sprekt út ‘skieding’ de hiel eigen wrâld fan de dichter, syn sicht op tiid, libben, dea, dat tige beynfloede is troch syn beheind gesichtsfermogen…Yn sokke fersen ropt de taal fan de dichter gjin fisueel realisearbere wrâld mear op, it is in klankwrâld sa’t hy dy yn syn ‘hoare holte’ ûndergie. Ik bin foar de takomst it meast benijd nei de wjerlûden út dy holte wei.’
De Hjir-redaksje foarme gjin freonerûnte, of net yn it foarste plak, wol wie it in ploech minsken mei passy foar literatuer, en binnen dy ploech oerhearske in frijfochten geast en in gloeiende hekel oan klykjesgeast, it blêd wie in fermidden, mar dêrbinnen en foar it oare stie elk hielendal op himsels. Wis, guon binne freonen wurden.
Fansels wurke de gearstalling net altyd. Dan die bliken dat immen him net yn de redaksje thúsfielde of dat in redaksjelid as puntsje by pealtsje kaam net goed foel by guon oaren.
Teake Oppewal hat it oer Tsjêbbe syn dichter-studint-bohémienlibben en dat er in ôfkear hie fan it lytsboargerlike ‘huisje-boompje-beestje’. Yn alle gefallen wie it sa, dat as er by immen benyptens fielde of him net folslein akseptearre achte, de beakens ferset wurde moasten. Mar it net byinoar wêze kinnen wie meastentiids fansels in saak fan wjerskanten.
En doe ynienen wie it oer. Yn nûmer 4 fan 1990 stiet achteryn in meidieling fan de redaksje mei as titel ‘Tsjêbbe Hettinga út de redaksje’: ‘Nei mear as 15 jier hat Tsjêbbe Hettinga in punt set achter syn redakteurskip fan Hjir.’ En dan folgje noch wat plichtplegingen sa as, dat er immen fan nivo wie en dat er as Hjir-redakteur mear as fytjin jier garant stien hie foar kwaliteit. In tekst dy’t my no oankomt as in kâlde dûs, as in yn in kramptastân skreaune tekst. Ik ha him skreaun. Wat der doe krekt te rêden wie waard achterhâlden. It is miskien tefolle sein dat it om in weistoppe traumatyske ûnderfining giet. As hiel pynlik ha ik wat him doe ôfspile wol belibbe. Yn de biografyske skets fan Teake Oppewal stiet: ‘Aan Hettinga’s redactielidmaatschap van Hjir kwam in 1990 een eind toen hij een meningsverschil kreeg met hoofdredacteur Piter Boersma en met andere leden over de samenstelling van de redactie.’ Tsjêbbe wie yn ’e rin fan 1990 as redaksjelid hieltyd minder te brûken. Hy hie it benammen net stean op redaksjelid Jelma Knol (fan healwei 1986 ôf yn ’e redaksje, as earste frou, en no noch altyd redaksjelid fan Ensafh, de opfolger fan Hjir), om’t er har net kompetint achte en miskien ek wol om’t se in frou wie, of in frou dy’t der wol wêze doarst, de mûle op it goeie plak hie en neat om reputaasjes joech. In dwaas momint wie, dat Tsjêbbe op in kear net in redaksjegearkomste hâlde woe op ’e lokaasje dy’t Jelma útsocht hie. Ik fûn dat ûnsin en fertelde him dat er syn sin net krige. En doe wie it: ‘Se moat derút.’ In pear dagen nei de gearkomste ha ik him opsocht om him te fertellen dat de redaksje Jelma net falle litte woe. Hy seach my oan mar sei neat. En doe sei ik: ‘Ast it net akseptearrest dan moatsto derút.’ En doe hy: ‘Do seist it!’ En doe wie it sa.
Tsjêbbe hie wol faker muoite mei redaksjeleden. Mei op syn oanstean wiene wol faker mutaasjes forsearre. Mar yn 1990 wie er folslein ûnreedlik. Ik koe doe net oars as ôfstân fan him nimme. Spul ha wy der lykwols net om hân. Op in beskate manier hiene wy der beide frede mei. Wis, ik ha him út it Hjir-nêst wipt en dy foar him jierrenlang wichtige, sa net de wichtichste ferbining mei it Fryske literêre fermidden trochsnijd, mar och, hy hie syn wjokken doe ek al fierder útslein, mar ôfsidich fan de Fryske literêre wrâld hâlde er him dêrnei winliken wol.
Apart wie it al dat Tsjêbbe syn fierdere ûntjouwing him ynienen yn in oare wrâld ôfspile as dy dêr’t ik jierren mei him yn ferkeard hie. Sa net, it hat dochs in redaksjelid fan Hjir west dy’t Tsjêbbe syn wei nei it wrâldtoaniel inisjearre hat. Bouke Oldenhof, fan 1981 oant 1889 yn ’e redaksje, en dy’t, sa’t ik al memorearre, jierrenlang foar Tsjêbbe de kopij op in bantsje ynlêzen hie – hie de potinsje fan Tsjêbbe as foardrager fan syn eigen poëzy al lang sjoen. As koördinator literatuerbefoardering by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum sette er begjin njoggentiger jierren mei Tsjêbbe in poëzyprgramma op, Hotelkeamers eigen, dat nammers oars betearde as Bouke yn ’e holle hie, de poëzy mei in praatsje nei it publyk ta bringe: Tsjêbbe woe – en dat tekenet him fansels – by einsluten dat de poëzy foar himsels sprekke soe. En dêrnei sette Bouke min of mear tsjin it sin fan de Fryske skriuwerswrâld troch dat Tsjêbbe de Fryske literatuer fertsjintwurdigje soe op ’e Frankfurter Buchmesse. Bouke seach yn him de ultime bard en fertelde my – en it wie as makke er it wer mei – oer it momint nei it optreden, dêr’t Tsjêbbe folslein ûnferwachte sa’n yndruk mei makke dat er in daverjend applaus krige: ‘It wie suver oandwaanlik hoe’t er in bytsje ûnhandich nei it publyk bûgde en noch in kear op it momint dat syn frou Tsjikke him wer fan it poadium liede soe.’
Yn ’e Hjir-rûnte libbe fan it begjin ôf oan it besef dat Tsjêbbe as dichter in fin mear hie as in bears, mar dat er ús safier ûntstige soe…mar no sis ik, it siet der yn en, o wûnder en wat in gelok, it is der útkommen!
Piter Boersma
(21-4-2017)