
Yn Blauhús wurdt oare wike freed in útstalling iepene oer oarlochsslachtoffer Gerrit Rypma en Gerard Reve. Lykas bekend wenne de skriuwer fan 1964 oant 1971 yn buordoarp Greonterp. Hy skreau dêr yn 1969 syn ferneamde wurk ‘Nader tot u’ mei dêryn it gedicht ‘Graf te Blauwhuis’. Dat giet oer de 18-jierrige Gerrit Rypma dy’t yn 1945 by in razzia troch de Dútsers deasketten waard. De útstalling yn kafee De Freonskip toant it tryste ferhaal fan Rypma. Der binne ek foto’s te sjen fan de tiid 1964-1971 doe’t Gerard Reve yn Greonterp wenne en wurke.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân