Ruurdtsje de Haan

Reis mei stûpen

logo.ensafh

Sjochst it net faak:
de dea, in Molukker en de laak
tagelyk op in stasjon.

De dea die him foar as bline reizger
hy kocht in kaart op goed gelok,
rûn in skoftsje troch it middenpaad
bejoech him doe nei in skeane hoeke.

De Molukker wie net allinne, nea.
Syn maten laken en fernuveren har
mei skilich sjen nei it útsicht
op bettere tiden soe skielk blike.

It foel foar dat de trein ho hold.
Lichter letter oer it wikselspoar
wie net te sizzen hokker ûntbruts;
de dea, in koffer of de laak.
 
 
Op 11 juny 2007 wie de treinkaping fan Beilen troch de RMS 30 jier lyn

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *