Besprek ‘Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see’ fan Edwin de Groot

logo.ensafh

Dichters brûke faak fokabulêr, terminology en oare tekstkarakteristiken dy’t sjen litte dat de beropsútoefening profesjoneel is. Is de taal net-aldendeisk, ‘dichterlik’ en manipulearre, grutte kâns dat jo mei in dichter te meitsjen hawwe. Smyt it freestyle wurdgebrûk in útdaagjende oant heech-risikobarjêre op, dan is it wierskynlik net in amateur mar in pro. Lit in nijbakken bondel jo betize efter yn ûnbegryp, sels al seit de Taalatlas dat jo yn in meartalige regio wenje? Dan ha jo sa goed as wis Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see fan Edwin de Groot yn hannen.

Lês fierder by Friduwih Riemersma op Fers2

1 reaksjes op “Besprek ‘Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see’ fan Edwin de Groot

  1. Krimmenikes, wat in lekker dreech stik fretten, frou Riemersma, dat Ensafh my hjir foarset. En dat ha jo samar efkes op de laptop tikke? Hulde. Dat mei ik sels de lêste tiid ek sa graach dwaan, wurdsjes rammelje op de pc of myn snoadfoan. De keunst is dan om de logika fan myn ferbylding yn ien manjefike Rembrandtsiaanske streek fuortdaliks krekt genôch ritme, melody en harmony mei te jaan dat it de lêzer gjin, of better noch, foldwaande betizing jout. Probleem is wol dat ik it dan sels min begryp, mar dat docht der net mear ta foar myn jierren.
    As ik it goed ha dan binne jo razend entûsjast oer De Groot syn dichtwurk. Mei rjocht en reden soe ik sizze, want syn foechwurk is prachtich. Wat ik no sa knap fyn oan jo fleurige skriuweraasje is dat it de foarm hat fan de essinsje fan De Groot syn bondel. Foarm folget ynhâld. Dat mei ik graach sjen en it is hiel wat oars as de oare kant om. Want dan wurdt it populistysk pûlemûlkerij fan in pôt dy’t de tsjettel ferwyt dat er swart is en dat kinne sy dêr yn Fryslân net ha en wy hjir yn Amsterdam en omkriten noch folle minder.
    De dichter dichtet, frou Riemersma, de kritikaster krimmenearet en de pias persiflearet. Sa belâne wy allegearre neffens evenredichheid eventsjes op de Bühne. Tefolle alliteraasjes, it klibbet as in kladde oer myn klompen. Ik hâld der mar mei op, mar jo moatte trochgean!
    Erst in der Beschränkung zeigt sich der Meister / tocht de Tibetaan en / hy ferwaaide / tusken de lineflaggen…

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *