
Easterwierrum, 24 april 2017
Audiofrysk jout op papier út.
Sweltsjerige 2017
Foar it earst yn syn bestean bringt Audiofrysk papieren boeken op de merk. En dan daliks ek mar seis tagelyk.
Foar begjinnende lêzers binne der sadwaande seis Fryske boeken om te oefenjen op it lêzen. De rige biedt in prachtich ferskaat: humor, ûntroering, spanning…
De Sweltsjes binne ryk yllustrearre en folslein yn kleur printe. It hurde kaft soarget foar in stevich boekje dat lang lêswille jaan sil.
De Sweltsjeboeken binne op nivo AVI-Frysk E3, M4 en E4 en bedoeld foar bern dy’t de earste begjinsels fan it lêzen krekt ferovere hawwe. Ek wat âldere bern sille se mei in protte nocht lêze. Boppedat binne se poergeskikt om foar te lêzen.
Wêrom dizze nije rige?
Yn de jierren 90 fan de foarige iuw binne der in stikmannich lêsboekjes foar begjinnende lêzers skreaun, dy’t bekend steane ûnder de titel fan ien fan de earsten: Poef de boef. Yn totaal wiene der 13, mar de lêste 10 jier is der net mear wat nijs ferskynd foar dizze doelgroep.
De bern dy’t troch de Nederlânsktalige lêsmetoades it technysk lêzen behearskje en ‘lêshonger’ krigen hawwe, kinne mei inkele oanwizings ek frij flot Frysk lêze.
Foar harren is dizze rige skreaun. Boartsjendewei leare se in protte nije Fryske wurden en de tekeningen helpe har dêr by.
De seis Sweltsjes fan 2017:
Nivo E3:
De toverangel fan Ate – Jurjen v.d. Meer, yll. Maaike van den Akker
Ridder Jet – Lida Dykstra, yll. Maaike van den Akker
Gers op it dak – Hanneke de Jong, yll. Linda de Haan
Nivo M4:
Wat in ein! – Jan Schotanus, yll. Linda de Haan
Beppe hat in aaipet – Mindert Wijnstra, yll. Babs Wijnstra
Nivo E4:
Boem is ho! – Anny de Jong, yll. Yke Reeder
Foar mear ynformaasje:
DAT tekstbureau / Utjouwerij Audiofrysk
boek@audiofrysk.nl
www.audiofrysk.nl, www.dattekstbureau.nl