
Fryske literatuer op de DBNL
Tresoar en de DBNL wurkje al langer gear. Yn 2010 by de start fan sirkwy kamen 85 Fryske literêre wurken yn de DBNL, letter oanfolle mei noch in oantal titels. Yn ’e mande mei útjouwerij Elikser kamen der ek útjeften op papier en as e-book beskikber ûnder it ymprint TDE (Tresoar-DBNL-Elikser).
Oare tydskriften
Yn de simmer fan 2011 hat Tresoar by de DBNL in oantal komplete jiergongen fan Fryske tydskriften oanlevere. Dy soene stikje by bytsje meinommen wurde yn de grutte stream fan tydskriften dêr’t de DBNL mei oan it digitalisearjen wie. Foar De Tsjerne en Trotwaer is dat no dus úteinliks slagge. Dy stiene oars al yn 2013 klear op de site fan de DBNL, mar de ynhâld koe fierder net frijjûn wurde fanwegen de rjochtekwestje. Troch de fúzjeperikels tusken DBNL en KB en de feroaring yn finansieringssysteem stûke de fierdere digitalisearring fan de oare titels. DBNL hie no net mear de mooglikheid om dy tydskriften sûnder ekstra stipe út Fryslân te digitalisearjen.
Yntusken waard yn Fryslân yn 2014 in grut digitalisearringsprojekt opset dêr’t ek literêr wurk yn opnommen wurde sil ûnder de titel ‘De Fryske tûzen’. It resultaat sil beskikber komme op delpher, in oare presintaasjefoarm as de DBNL. Mear dêroer op redbot/taal.
Lês fierder by Sirkwy