
Dr. Hotso Spanninga hat de Dr. Joast Halbertsmapriis krigen. Spanninga krijt de provinsjale priis foar syn dissertaasje ‘Gulden vrijheid? Politiek, cultuur en staatsvorming in Friesland, 1600 – 1640’. Neffens de sjuery leveret it wurk fan Spanninga in weardefolle bydrage oan sawol de Fryske skiedskriuwing as it algemiene wittenskiplike debat. De Dr. Joast Halbertsmapriis bestiet sûnt 1947 en wurdt alle fjouwer jier útrikt. De priis bestiet út in bedrach fan 10 tûzen euro.
Boarne: Omrop Fryslân