Geart Tigchelaar

Johnny Boy

logo.ensafh

Hy skôget troch it feale rút de strakblauwe loft dêr’t nea net ris in wolkje trochhinne glidet. In fêste konstante, sa’t alles tsjintwurdich konstant is. Like bewegingsleas as de Mediterraanske See dêr’t er alle dagen wer op útsjocht.
Syn lofterhân giet omheech om’t er in haal oan syn sigaret dwaan wol as er him betinkt dat er yn dy hân it bierfleske hâldt. Normaliter hat er it oarsom. Mei bleate fuotten stiet er op it swilk. Hy hat oars net oan as syn slopwosken grauwe himd en koarte blokjespiamabroek. De radiator gûnzet om it appartemintsje te foljen mei waarmte sadat syn Spaanske bloed net noch mear ôfkuollet.
Alle dagen itselde ritueel fan der ôfkomme, in sigaret en in pilske as moarnsbrochje. Sjen nei de loft en de see. Middeis wat omskarrelje yn it sintrum om mei syn maten noch in pear fleskes iepen te meitsjen. Jûns wat waarms yn it liif út in kafee en dan noch wat drinke. Sa hoecht er teminsten net thús te wêzen en hat er it idee deifolling te hawwen.
Wat moat er oars yn ’e winter? Simmerdeis hat er syn wurk yn it grutste hotel fan ’e stêd. As skjinmakker. Lange dagen, bytsje skoft, mar wol in leantsje dêr’t er mei rûnkomme kin. Híe er syn wurk en kóe er rûnkomme, moat er himsels ferbetterje.
De peuk giet yn it lege fleske en mei de frije hân wriuwt er oer syn krús. Simmerdeis soe er fuort al in prikkel fiele en himsels befredigje. Winterdeis stiet skynber alles op non-aktyf. Yn it hotel sjocht er altiten syn eagen út nei alle bûtenlânske gasten. Meast froulju dy’t him in fjurrich gefoel yn it ûnderliif jouwe. Mar in inkelde kear manlju. Dan moatte se jong en justjes ferwive wêze. Dêr wurdt er soms noch oerstjoerder fan as fan in moai frommes. Is it it foute, it ûnnatuerlike sa’t er altiten leard hat? Dat er him dêr graach oan oerjaan mei? Mei dy Britske jonge, dy’t mei syn âlden oardel wike oan ’e costa fertoeve, wie er finaal om.
Carlos fielt in stek. No net yn it krús, mar yn it hert. John…
Hy moat der net tefolle by stilstean, mar ôflieding fine. En wêr fynt er dy oars as op ’e boaiem fan elk fleske. As it him te bot oanfleant en dêrmei dochs de lust opkomt, siket er om in gruttere boaiem fan ’e sterkedrank.

It gie te goed, it gie te maklik. Hy hie it fan kilometersfier oansjen moatten. Hy stie op de tredde ferdjipping te stofsûgjen. It snoer wie lang, mar net langernôch foar de hiele gong. Hy moast nei it stopkontakt rinne om ’m der fierderop wer yn te stekken.
Dêr kaam John de trep op stoarmjen. Letter fertelde er dat er syn sinnebril op ’e keamer fergetten wie en dy gau noch ophelle foar’t it buske fuortgean soe. Hja soenen it ynlân yn foar in ekskurzje.
Carlos hie it fuort al yn John syn eagen sjoen. Net allinnich de blik fan begjinnende ferealens, mar ek dat er mear wie as allinnich mar in strânlizzer. Sa’t er alles yn him opnaam, spriek der in iere yntelliginsje út syn eagen. Carlos wie fuort fallen foar de weagjende blauwe eagen. Hy waard suver wat ferlegen en sloech syn eigen del, sabeare nei it stopkontakt. Letter skamme er him dêroer. Dat hy as folwoeksen, net ûnsjogge Spanjoal, him sa yntimidearje liet troch sa’n foech ljocht jonkje. Mar tagelyk wie it foar Carlos bewiis fan syn oerjefte. Syn oerjefte oan ’e leafde foar dizze John.
Doe’t John de keamer wer útkaam, wikselen se nochris in blik. In blik dêr’t fan like dat hja in earste ôfspraak makke hienen.
Dy deis hie er it net mear. Hy moast him fuortdaliks wer sjen. Hy frege by de resepsje wannear’t it buske weromkomme soe. De resepsjoniste wist it net. Wêrom’t er dat witte woe? Se moast it dwaan mei in healslachtich antwurd dat er de sjauffeur wat freegje moast. Dy wie hjir yn alle gefallen seis oere wol wer, want dan moast er de folgjende groep fuortbringe. Dêr hie Carlos wat oan, mar op syn roaster stie dat er de fjirde en fyfde ferdjipping skjinmeitsje moast. Kâns op in moeting mei John hie er dêrtroch net.

‘Lit mar lizze, moatst it aanst wer opmeitsje.’ Hy skrok him dea doe’t er ûnferwachts efter him ien hearde. Foar’t er oer syn skrik hinne wie, kroep dyjinge him oan.
‘Of wolst soms beweare datst der gjin sin oan hast?’ Hy wist fuortdaliks wa’t it wie. Op dat stuit wie it net iens it Spaansk mei Britsk aksint dat him ferrette.
‘Dû witst blykber dondersk goed wat ik wol,’ werstelde Carlos him rap.
‘Al op rekkenje.’ Likegoed wie er ferheard oer de fêstberettens fan dizze jonge. Alhiel doe’t dy fuortdaliks oergie ta it losdwaan fan ’e knoopkes fan syn boesgroen.

Dat er nochris om skjin bêdeguod út moast, ferklearre er mei it sizzen dat it him opfallen wie dat it skjinne guod faaks net goed genôch útwosken wie. Dat barde wol faker en der waard net dreech oer dien.
Hy fielde him sa lokkich as in bern, dat er der hast útfloepte dat hy en syn nije flam der skuldich oan wienen. Hy koe him noch krekt bedimje en pakte gau nij linnenguod.
Nei’t er de doar fan de oanbelangjende keamer efter him tichtlutsen hie, treau Camila har tsjin him oan. ‘Woest der net noch efkes wer yn?’ Fuort stiek se har hân mei dy meagere lange fingers by him yn ’e broek.
Hy kroane, as wie er in hûntsje fan Pavlov. Lykwols siet er ditkear net op syn fuckbuddy te wachtsjen. Wannear’t se beide wat hienen, kamen se net oaninoar, mar wannear’t se beide te lang drûch stienen, wisten se inoar te finen. Mar ek as se in losse flirt mei in gast hienen, wie it te spannend om net ris stikem in keamer yn te glûpen. Se koenen inoar al sa lang, geheimen foar inoar hienen se allang net mear. Se hoegden dêrom ek gjin tiid te fergriemen mei it ûndersykjen fan inoars liven en lusten. It wie oars net as hurde en flugge seks, mar net minder befredigjend.
‘O, dû hast krekt al dyn aventoerke hân,’ glimke se. ‘Bekom dan mar efkes, dan sjoch ik dy aanst wol wer. Bist hjoed noch net klear, wol?’ Se knypeage om har dûbelsinnigens te befêstigjen.

De oerkes of somtiden sels healoerkes wienen stellen mominten op ’e dei dy’t fan in swarte nacht in helferljochte dei makken. Se gienen sa yninoar op dat se perfoarst de wekker sette moasten. Se rekken al sa gau fertroud oan inoar dat it like as hienen se al jierren in affêre, mar dan wol as begjinnelingen mei’t der noch sa’n soad te ûntdekken wie.
Carlos waard heislike kjel doe’t John foar it earst fertelde dat er yn septimber al santjin waard. John brûkte it wurd ‘al’, mar Carlos hearde ‘pas’. Hy stie yn bestân om der in punt efter te setten. Mocht dit útkomme, dan siet hy mei syn twaentritich jier goed ferkeard.
John seach de skrik yn Carlos syn eagen. In tút op ’e foarholle dwêste yn ien kear syn foarnimmen der mei op te hâlden. John sloech syn earms om de brede skouders fan Carlos hinne en kroep him as in oanhinklik hûntsje oan.
‘Ik bin hjir al sa koart, dy pear dagen dy’t wy noch hawwe, lit ik dy net gean.’
De wekker gie ôf as wie dy it net mei John syn wurden iens.
Dat hie foar Carlos werris in teken wêze moatten om dochs syn ferstân te folgjen.
Op ’e taast om mar net syn holle fan John syn sêftwaarme mûle ôf te draaien, socht er mei syn lofterhân syn mobyltsje om de ferfelende piiptoan út te dwaan. Noch krekt fiif minuten soe gjin kwea kinne.

In pear tellen nei’t John út de keamer gien wie, sloep Carlos derút. Camila stie op him te wachtsjen.
‘Giet mar lekker mei dy,’ sei se sûkerswiet.
Hy stammere fan ja wol bêst.
‘Knap jonkje, mar wol wat jong, net?’ It sûkerswiete krige wat soerichs.
‘Wat soe dat?’ spatte Carlos ynienen op ta ferdigening.
‘Nee neat, hear,’ spytgnyske se. ‘Ast werris in oar gat hawwe wolst, hear ik it wol, of net?’ De spytgniis hie in skerp rantsje.
‘Ynearsten net hear,’ besocht er like skerp oer te kommen. Dat slagge mar heal, om’t er ferbûke wie troch har opspatting.

Dy opspatting siet him in dei letter noch dwers. Hy makke der it bêste fan mei John, mar dy fernaam ek wol dat der wat wie.
As er sa trochsette soe, dan socht er wol in oare Spanjoal foar de lêste dagen.
Foar it earst yn syn libben fielde Carlos wat jaloezy wie, ek al wie John oan it gekjeien. Carlos besocht him in masker oan te mjitten en kroep gau op ’e knibbels om John syn gong gean te litten. Dan hoegde er net te toanielspyljen dat der neat wie.

Om it mar earne oars oer te hawwen, stelde er foar de earste kear de fraach oft syn âlden neat troch hienen.
‘Dy lizze mar wat mei harren cocktailtsjes op it strân. As ik net hieltiten hiele middeis weibliuw, dan hawwe se der gjin erch yn. Dy tinke dat ik wat op ’e strún bin efter de froulju oan,’ lake er syn oansteklike jongeslaits. ‘Ik kin better weibliuwe as datstû dat kinst, liket my,’ sei er no earnstiger.
Dêr hie er grut gelyk oan.
‘Krigest gjin problemen om my?’ frege er besoarge.
Hy joech gjin atwurd om’t er net lige woe, mar syn eachopslach ferrette him foar de safolste kear.
‘Wat makket ien dei mear út?’
Alle kearen fernuvere Carlos him der oer dat hy mei syn fyftjin jier jonger safolste folwoeksener oerkaam.
‘Wy kinne der jûn ek in ôfskiedsfeestje fan meitsje.’ John besocht it loftich te hâlden, mar de teloarstelling wie net te missen.
‘Nee jonge, sa’tst seist, wat makket ien dei mear út. Dat jildt ek foar it der tuskenút piken fan my.’
‘Bist der wis fan? Ik wol net dat ik de reden bin foar gesoademiter of sels dyn ûntslach.’
‘Dû meist foar alles de reden wêze wat der yn myn libben bart,’ glimke Carlos skarlúnsk.
‘Dû sjarmeur! Dat seist allinnich mar om my noch in kear te nimmen. No kom op, toro, wêr wachtest noch op?!’

‘Godferdomme,’ flokte er doe’t de stofsûger útfoel. Hy woe him nei it stopkontakt omdraaie, om’t er tocht dat er de kabel derút lutsen hie.
‘Minder flokke, en meikomme,’ sei frou Martinez strang.
De moedfearren sakken Carlos yn ’e skuon. Sjochst no wol, tocht er by himsels, wat bist in kloat. ‘Farwol, Johnny Boy,’ sei er sêft, wylst er efter de direktrise oanrûn.
Yn it kantoar waard him in stoel wiisd. Sadree’t er siet, realisearre er pas dat Camila der ek wie.
‘Wol godferdomme,’ rûgele it him wreed oer de lippen.
‘Minder flokke, hie ik sein.’ De duvel hie net lilker sjen kinnen. Hy hie dan ek leaver by him as by har sitten.
‘Wy hoege der net in soad wurden oer smoarch te meitsjen. Dû hast oars net dien as mei in gast yn ’t bêd lizze. In minderjierrich jonkje ek noch wol.’ Se seit it as smakke it wurd har net dat se yn ’e mûle naam. ‘Strafber, mar it sil wol fan twa kanten kommen wêze, sa skaplik wol ik wol wêze. Dat is de reden dat ik dy net oanjou, mar dû bist hjir net langer wolkom, dat snapst. Wolst noch wat ta dyn ferdigening sizze?’
‘Nee, it wie de bêste oardel wike út myn libben. Better as al dy jierren mei dy.’ Syn eagen snienen troch Camila hinne, mar hienen tagelyk wat begrutliks. It feit dat se him ferrette, mar ek hie er begrutsjen mei har dat sy as oerflakkige kut net by steat wêze soe om sa’n yntinse wike belibje te kinnen.
‘Sa kin it wol ta. Moatst dizze ûntslachpapieren efkes tekenje.’
‘Graach.’
Sa dûbelteard as er it kantoar yngien wie, sa’n rjochte rêch hie er by it útgean. It wie it mear as wurdich, sa’nt as John soe er nea wer treffe.

It twadde fleske fan ’e dei hat er ek al op. In hân giet oer syn net-skearde kin. Wie it dat wol, wie it it wol wurdich? Syn lêste sinten brûke om nei Ingelân hat er gauris oerwage. Mar wat in bernige tins. It leafste wat er wol, mar it minst realistyske wat der bestiet. Ferjitte en trochgean. Sjen oft der noch in hotel is dêr’t se him oannimme wolle.
De jonge dy’t er út it rút wei hieltiten ûnbewust sjoen hat, stapt wilens wer op ’e fyts. Syn bôle en kofje hat er behimmele. Al siet er mei de holle yn ’e sinne, siet er noch wol op ’e wyn.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *