
Goed nijs foar it boekefak: Van der Velde oerwaget om boekhandel Schaaf yn Dokkum oer te nimmen, miskien folge troch in nije boekhannel yn Harns en wa wit yn noch oare plakken; dit om der foar te soargjen dat ek lytsere plakken harren boekhandel behâlde kinne. Dêrby soe ûnder oaren in gearwurking mei de pleatslike biblioteken wichtich wêze, benammen troch se te freegjen harren boeken fia Van der Velde oan te skaffen. Mar fansels komme der dan ek fuortendaliks oare foarmen fan gearwurking yn it sin, lykas tegearre aktiviteiten organisearje en inoars rûmten brûke.
It soe hartstikke moai wêze as dat slagje soe, want it gat dat in sletten boekhannel yn in stêd achterlit, is net allinnich fysyk – wer in leech pân yn in winkelstrjitte – mar ek geastlik – wer in kultureel hert dat ophâldt fan klopjen. It is allinnich wol te hoopjen dat de biblioteek dêryn mei wol, en foaral: dat yndividuele biblioteken de frijheid krije om sels te bepalen wêr’t se harren boeken ynkeapje. No bart de ynkeap noch sintraal, fia NBD Biblion, en mei it folgjende berjocht – dat earne yn de ôfrûne wiken op Boekblad ferskynde – yn ’e achterholle, liket it my net wierskynlik dat desintraal boeken ynkeapje ynkoarten in spearpunt wurdt.
It docht bliken dat de Vereniging Openbare Bibliotheken (VOB) yn in brief oan Edith Schippers it oansteande nije kabinet om in ienmalige ynvestearring fan 20 miljoen euro frege hat foar projekten dy’t partisipaasje en selsredsumens stimulearje. It jild is foaral bedoeld om meiwurkers om te skoaljen yn it kader fan de nije funksjes dy’t fuortkomme út de biblioteekwet fan 2015, en dan giet it bygelyks om it oanstjoeren en binen fan frijwilligers en it funksjonearjen as moetingsplak. De leechletterens moat bestriden wurde en minsken moatte better taret wurde op de arbeidsmerke.
It jild giet yn alle gefallen net nei – fysike of digitale – boeken. It útwreidzjen fan de kolleksjes fan de biblioteken wurdt neidruklik net neamd. No leit dizze klam op alles behalve boeken fansels net allinnich oan de VOB: opienfolgjende regearingen en it belied yn it algemien wol ôf fan de biblioteek as ‘útlienfabryk’, en ynstee dêrfan moat foaral de sosjale funksje beklamme wurde. No is dat ek wer net sa nij: de biblioteek hat, benammen yn lytsere mienskippen, altyd in sosjale funksje hân, mar oft it no gie om lêzen leare of it finen fan wurk, it barde wol allegear op basis fan har grûnstof: boeken.
De ôfrûne jierren haw ik mear as ien biblioteekmeiwurker sprutsen dy’t net al te fleurich waard fan de nije koers dy’t in soad biblioteken, ûnder ynfloed fan in belied fan keihurd besunigjen, ynslein binne. Der binne ik wit net hoefolle biblioteken sletten en meiwurkers ûntslein, mar yn mear as ien plak wie blykber noch wol jild te finen om in prestisjeus gebou del te setten, leafst mei publykslûkers deryn lykas glydbanen, coffee corners en hypermoderne wurkplakken. Meiwurkers dy’t noch wat hawwe mei boeken? Men soe hast sizze dat dat dynosauriërs binne dy’t har eins skamje moatte dat se der noch doarre te wêzen.
De ôfrûne krisisjierren hat wol bliken dien dat sawol biblioteken as boekhannels dy’t iepenstean foar fernijing, de krisis better trochstien hawwe as harren kollega’s dy’t dêr net mei omgean kinne, mar tagelyk komme de súksesferhalen fan de plakken dêr’t it (sels spesjalistyske) boek as middelpunt noch rjochtoerein stiet. Fansels moat ek neitocht wurde oer goede oanfollingen, sa as aktiviteiten en oare wizen fan tsjinstferliening. Dat bygelyks in projekt as FryskLab in Presidential Citation for Innovative International Library Projects fan de American Library Association (ALA) takend krigen hat, falt allinnich mar ta te jûchjen.
Mar it binne wol oanfollingen: foar frijwol alle bykomstichheden jildt úteinlik dat der oare partijen binne dy’t dat al langer en better dogge. As it by de biblioteek en/of de boekhannel net mear draait om dêr’t it oait om begûn is, nammentlik it byinoar bringen fan lêzers en boeken, yn hokker foarm dan ek, dan ferlieze se har siel, en dêrmei úteinlik har besteansrjocht.