
skûleblinkboartsje
stodampen skowe loft, see en strân yn inoars earmen
splite kuierders op yn twa aparte helten sûnder liif
hollen en skonken nimme elk har eigen rûte en paad
nije kombinaasjes wurde berne yn tsjûke mist
oplein partnerruiljen bringt minsken op ‘e doele
skûleblinkstrânboartsjen mei knypeagjende ljochttoer
fjoerwetter
trotwaartegels baarne sûnder fjoer en reek
protters falle dea en rikjend út ‘e sulveren loft
sinnebril ferfoarmet hânwizer ta Don Quichote
molewjukken draaie wyld op sinnesellen
seemokken sile mei paraplu’s yn brede bekken
ûnwaar jeit de see oer strân en dyk en lân
monologen
sniewolken skowe sinne en ljocht fansiden
nacht en kjeld oerhearskje dei en waarmte
wrâld wurdt lytser, teart de gerdinen ticht
buorlju binne wytsnijd, sykheljen is in selspetear
oer strjitte en paad rinne parallel de monologen
ôf en ta ûntstiet der wat ferbining op in krusing
*
Rinnend lâns it 4 km lange strân fan Hendaye op de lette jûn- elke dei in oardeloere – mei útsjoch op de Atlantyske Oseaan, kamen dizze fersen/observaasjes eins fansels yn myn kop omheech; as ik wer thús wie skreau ik se op, sa likernôch tusken novimber ’15 en septimber ’16. Josse de Haan.
Côte d’argent is in syklus fan Josse de Haan, besteande út tsien gedichten yn fjouwer skiften. Dit is ôfdieling trije. De oare skiften sille ek op ensafh.nl publisearre wurde.
(red)
Klik hjir foar it earste skift
Klik hjir foar it twadde skift