
Achte lêzers,
Tiden hawwe tiden. In jier as wat lyn hie ik nea tinke kinnen dat ik nochris frege wurde soe om op in pjutteboartersplak in Tomke-ferhaal foar te lêzen. Mar nije wike is it safier. Plak fan hanneling sil ik hjir net neame, mar it is yn Fryslân en ik sil yn it Frysk foarlêze. Dat is tsjinwurdich al hiel wat. Lokkich binne it koarte ferhaaltsjes, de spanningsbôge fan de measte bern is krekt like lang as de gemiddelde pauze tusken de iene en de oare blik op it tastel fan in oan syn mobyl ferslave Fries. Koart dus. Mar ik ha der wol nocht oan. Al wie it mar om yn gedachten noch even stil te stean by Auck Peanstra. Ik nim oan dat ik dat net útlizze hoech.
Foar it oare: der sil wolris wer in boek fan myn hân ferskine, as alles goed giet en ik tiid fan libjen ha. Ik sil hooplik ek trochgean mei muzyk meitsjen, dat is úteinlik folle moaier as it stille bodzjen op in manuskript, as ik earlik bin. Mar tiden hawwe tiden, as der in ferhaal yn je holle omdoarmet, moat it der út en dus komt der grif wolris wer in tiid dat ik my weromlûk achter in byldskerm om it der út te rammeljen.
Mar as de mail fan de redaksje fan ensafh spontaan yn de spam bedarret, is dat miskien in sinjaal dat je even ta neitinken set. Soe it miskien in goed momint wêze om te sizzen dat oan alles in ein komt? Ik ha neitocht. Ik wol alle minsken dy’t myn kollums op dit plak lêzen ha betankje foar harren geduld. De reagearders ek tank, ik ha besocht jimme kritiken serieus te behanneljen.
En wat it Frysk oanbelanget: Ik sil my dwaande hâlde mei de ferkeap fan (nei’t ik hoopje in hiele soad) Fryske boeken fan myn kollega’s, sjoch mar ris op Facebook op de side fan de Sutelaksje. Jim binne fan herte útnoege om as feriening of klup mei te dwaan, 25% fan de omset is foar it organisearjende komitee, dus it is net foar neat. Belje of mail my mar, dan regelje we it en meitsje der in moaie heppening fan, sa as op al dy doarpen dêr’t de aksje al west hat. Jim kinne my berikke op 06-23408605 en f.jong479@upcmail.nl. Hooplik bedarret jim mail net yn de spam.
Dit wie myn lêste bydrage op dit plak.
De redaksje fan ensafh tanket Ferdinand de Jong foar syn nijsgjirrige kollums!