Aginda 10-06-17: Literêre rûte Feanwâlden

logo.ensafh

 

 Literêre rûte Feanwâlden

Op sneontemiddei 10 juny 2017 hâldt literêr tydskrift ensafh in literêre rûnlieding troch Feanwâlden en omkriten. Wy starte om 14.00 oere, op ’e fyts, by it stasjon. De gids is Jelma Knol, ynwenner fan Feanwâlden en redakteur fan ensafh. De tocht duorret sa’n oardel oere.

Jo gids op 10 juny

Feanwâlden is in echt skriuwersdoarp. Wy geane fansels by in pear plakken lâns dy’t in rol spylje yn it wurk fan Theun de Vries, mar benammen al dy oare Fryske skriuwers, dy’t hjir wenne hawwe of wenje, komme no ris oan bar, fansels mei harren wurk: Durk van der Ploeg, Lipkje Post-Beuckens (Ypk fan der Fear), Douwe Kootstra, Bertus Klazinga, folksdichter Tsjipke Postma en oaren.

 

 

 

 

 

 

De gids fertelt ek wat oer it ferline fan it doarp, wat sei, sels de minsken fan 7000 jier lyn sizze wy op ús tocht even goeiedei en dêrnei komme wy al gau by it ‘âld tsjerkhôf’, it ferdwûne doarp Eslawâld.

 

 

 

 

 

 

Nei 10 juny stiet de rûte op de webside ensafh. frl, foar al dyjingen dy’t de tocht nochris rêstich neikuierje of fytse wolle.

Dielname is fergees, de konsumpsjes oan ’e ein fan ’e rit binne foar eigen rekken. De finish fan dizze tocht is by Dûke Lûk yn Feanwâldsterwâl.

Opjaan kin troch te mailen nei redaksje@ensafh.nl

Klik op de foto foar de poster as pdf

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *