
ús heit hie gjin easken sei ús mem
mar wie nana mouskouri op de radio
dan moasten wy stil wêze fan heit
hy hie gelyk, want we bin noch gek
op har bril en har sangerige sang
dat we hingje ryklik yn you tube om
nana song yn in protte talen, net yn
it frysk, mar dat is ek wol sa’n taal, sa
soene je it gryksk net betinke kinne
lokkich ha wy nynke, dy’t we ea ris
yn brussel sjongen hearden yn it
keninklik paleis, we krigen port
yn kristallen glêzen, dy’t we pikten
mar ja, dy wiene moai gau stikken