Ruurdtsje de Haan

Of hoe’t romantyk op ’e donder krijt

logo.ensafh

Do en ik baaie yn Vivaldi’s muzyk
oan in kust fan swiere klaai.
It skroarsoere hâldt der langer oan,
wy feroarje it yn in nije moarn
en rjochtlinich strân dêr’t it sân
op sâlt liket fan in oanbrutsen jozopûde,
wat rôze fan de slieperige sinne.

Ik bin de rizende seestjer út it easten,
do de mearman fan it dún-
kastiel bedutsen mei krêm roazen,
in jutter mei earbel, tatoe, jutesek
en in trijetine foar de brûnsribbige
seeslange dy’t tsjin alles stribbelet.
Hy hjit fan Leffert, mar dat witte wy net.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *