Henk Liauckema

Chantal

logo.ensafh

Pisroken hingje yn ’e romte, minsken ûnderút yn stoel of bank, stoareagjend.
De tillevyzje bringt wrâldkampioenskippen atletyk yn China en leven
yn ‘e brouwerij. In man, hy hat de mûle skeef, skoddet op en del
mar net op ‘e maat fan de muzyk, nee nergens op eins.

Klanken út Peking en it ge-âl út âlde mûlen biede hieltyd lûder
by inoar op en wa’t it te mâl docht moat in keamer fierder. Dêr
leit al in kollega-kliënt mei de mûle op en de eagen iepen achteroer
nei de souder keard wylst de medisinen wurkje.

Dan swaaie de doarren iepen. Rook skoot op. Lûd falt wei.
Chantal! Kjeld nimt se mei yn har hier en har jas.
Har wangen tintelje noch fan ‘e wyn en har lippen

fan ’e tút. De sjaal docht se los, it hier yn in sturt,
se smyt de jas oan de heak en sjit har unifoarm yn wylst har eagen
stjerren bliuwe en sij sjongt fan goeiemiddei allegear.