
De beide haadpersonaazjes yn it nijste boek fan Aggie van der Meer binne frijwat singelier. Ho Wu en Misty Mac binne súksesfolle sakeminsken, dy’t ynternasjonaal kontakten hawwe. Men komt net in soad oer de manlju te witten, sa jout Van der Meer bygelyks gjin beskriuwing fan harren uterlik. Der wurdt mar beheind kontekst jûn, bygelyks oer de skiednis fan har ûndernimming of oer relaasjes mei oare personaazjes.
Lykas faker yn har wurk kreëarret Van der Meer in mysterieuze sfear, dêr’t net alles fuort op syn plak falt. Yn Ho Wu en Misty Mac is dat lykwols mear it gefal as yn eardere boeken, wat syn funksje hat, sa’t fierderop dúdlik wurdt. Dy sfear hat foar in part te krijen mei de opset fan it boek. It bestiet út 23 (tige) koarte haadstikjes, dy’t earder as fúljeton publisearre binne op literêr ynternettydskrift Fers2. Troch sokke koarte stikjes komt de skriuwster bygelyks net ta oan it útdjipjen fan de personaazjes. Likegoed wit Van der Meer yn in bytsje wurden in protte tema’s by de kop te pakken en de lêzer in spegel foar te hâlden oer de wrâld fan hjoed-de-dei.
Ho Wu en Misty Mac meie neist har saken nammentlik graach de problemen yn de wrâld trochprate, mar ek prakkesearje oer de hegere saken yn it libben, lykas gelok en keunst. Dat dogge se dan it leafst mei in slokje en in sigaar der by. Misty Mac wurdt omskreaun as in ‘sofist en fernimstich tinker’, dy’t soms ferlet hat fan in oare diminsje:
Foaral Mac stiet wolris even yn berie, lykas earder dy Gorter foardat er it rút ticht die. Dan fielt Mac dat him wat singeliers troch it sin gien is, dan heart er wat, eat wat er daliks net thús bringe kin, wat net ien oars heart. Eat út in oare laach. (s. 9-10)
Sy sjogge harsels dan ek mear as echte ‘stjerlingen’. Sy hawwe it ferstân en sjogge dêrom foar harsels in grutte rol weilein yn it stjoeren fan de wrâld. De ‘stjerlingen’ folgje de grutte linen en fersette de beakens net:
‘As wy ús blik net ferbreedzje, Mac, as wy ús as in pear muontsen op in berch tahâlde, ús seinigings telle, omdat wy witte dat it iten ús dêr wol brocht wurdt, dan misse wy de boat. As wy net mear los komme út it tinken dat fjouwer allinnich de útkomst wêze kin fan twa kear twa, dan binne wy der oan ta om nei de kosten fan in bridgekursus te fernimmen.’ (s. 16)
As sy lykwols krekt út it deistich tinken wei binne en begjinne te filosofearjen, wurdt it gau wer stopsetten. As nammentlik ferbylding foar it ljocht komt, wurde se erchtinkend: ‘Mearkes, seit Ho Wu, se hawwe har funksje, jawis, mar krekt as mei alle oare ferbylding is it saak en tink derom.’ (s. 11) Se lykje dus grutte tinkers, mar de fraach is oft se harsels net foar de gek hâlde.
De saak, en dus it jild, stiet nammentlik altyd foarop. No ja, bytiden hawwe se omtinken foar keunst. Sa geane se nei in útstalling fan in skilder, mar se witte net oft it no wurk fan Pollock of Rothko is. Fan sokke grutte tinkers mei dochs ferwachte wurde dat se it ferskil tusken dy twa wol witte. Stadichoan wurdt it dúdlik dat keunst troch Ho Wu en Misty Mac brûkt wurdt om de status dy’t it jout; se witte neat fan de ynhâld. It naïve gedrach fan de manlju wurdt subtyl troch de skriuwster bleatlein: ‘Mac tocht oan de ambassadeur fan Frankryk, oan it banket neist keningin Elisabeth dy’t graach witte woe wat er fan Jean Genet fûn. Jean Genet? O, dy.’ (s. 44)
Ho Wu en Misty Mac lykje dêrmei ít foarbyld fan minsken dy’t foarme binne troch de moderne wrâld, hoewol’t se it ûntkenne. Sa’t Van der Meer faker docht yn har boeken stelt se ek yn dit boek aktuele maatskiplike kwestjes oan de oarder. Sa komme Trump, Poetin, TTIP, drones en ‘moderne syktes’ as multytasken foarby. Ek wurdt mei humor de rol fan de Amerikanen yn de wrâld beskreaun:
Krekt doe, oan tafal koe hast net tocht wurde, naam in hiele swik strieljagers har loftrom minutenlang yn beslach. ‘Ek gerêststellend,’ sei Wu, ‘the sound of freedom. The Americans are in this theatre en dat sille wy witte. Wat oars as dy rotten fan dy.’ (s. 19)
Van der Meer beskriuwt hoe’t de wrâld en benammen de natuer yn oerstjoer is. Der is in striid geande tusken de minske en de natuer, dêr’t de minske oan de winnende hân liket. Dat wurdt bygelyks moai ferwurde yn it sizzen dat de Masai, dochs in folk dat tichtby de natuer libbet, har slinger net mear hawwe en dat it oantal gnoes ôfnimt.
Krekt de gnoe komt faker werom yn it boek. Misty Mac wurdt nammentlik oantsjutten as in gnoe dy’t losrekke is fan de keppel, wat in sterk byld is. Yn it libben fan de twa manlju liket de natuer it ferlern te hawwen; sa is der suver gjin romte foar emoasje. Lykwols klinkt soms dochs de fiere echo fan it oerbegjin en komt de gnoe nei boppen, as it bygelyks oer de mem fan Ho Wu giet.
Se witte dat de ierde fersoarge, mar tagelyk ek tamtearre wurdt. Lykwols geane se troch mei har wurk, want ‘sûnder jild ferdwynt it teater dêr’t de stikken op spile wurde moatte.’ Se sitte fêst yn in fisieuze sirkel:
Se klonken op ’e fisieuze sirkel. Se hâlden goede moed. Hoe’t se der ek yn om avensearren, yn Paris [it klimaatakkoard fan Parys, MR] hâlde se him hoe dan ek draaiend, de fisieuze sirkel dy’t, sa goed, sa kwea de hiele wrâld noch wat byinoar hâldt. (s. 40)
Se sitte fêst yn in systeem, mar kinne gjin kant út. Se hawwe wol ris it gefoel of binne se ‘as Napoleon op Elba.’
Van der Meer hat de tematyk yn Ho Wu en Misty Mac goed útwurke. Dêrneist is de relaasje tusken de ynhâld en de foarm ek moai foarmjûn. Yn it begjin skreau ik dat yn dit boek mear as earder in mysterieuze sfear brûkt wurdt. Van der Meer brûkt in direkte en keale styl. Ho Wu en Misty Mac hâlde net fan wollige taal, want oars kinne se net oerlibje yn de saaklike wrâld. De skriuwster sketst yn tematyk en styl in útklaaide wrâld, dy’t draait neffens fêste struktueren. De minsken kinne der net út, want dan stoart it hiele systeem yn.
Dan is der keunst, yn dit gefal yn de foarm fan literatuer, dy’t soks oan de oarder bringt. Yn literatuer is romte foar ferwûndering, dêr’t Ho Wu en Misty Mac yn har libben hast net oan ta komme. Al fynt men de betsjutting yn dit boek net altyd samar, troch goed te sykjen ûntdekt men in spegel foar jinsels en de wrâld. Yn de literatuer is noch romte foar ferbylding.
Aggie van der Meer
Ho Wu en Misty Mac
Utjouwerij Grotesk, Amsterdam, 2016
ISBN: 9789082576214
Ferkeappriis: € 10