
Nei in foech moanne wiene de 12 helden oplaat ta eurokommando. Dat mei koart lykje, mar ferjit net dat de mannen yn in eardere libbensfaze al yn it leger sitten hiene, en dat boppedat de Fryske oranjekoeke in dusdanige foarmjende, sis mar edukative wearde hie dat de mannen mei nocht en wille nije feardichheden opdiene. Wat der earder oan har oplieding miskearre hie, wie no alhiel yn oarder brocht. Se wiene no fatsoenlike kommando’s. Desiderius koe by wize fan sprekken in objekt yn brân stekke troch der inkeld mar nei te wizen. Boskma koe in stik skriuwe oer it belang fan in útwreiding fan de burokrasy yn minder tiid as in mich op in stik papier skyt, en Van der Balk koe sa 6 arguminten fersinne om te rjochtfeardigjen wêrom as in leansferleging foar skjinmakkers, proefskriftskriuwers (o dy dealske letter- en boekblêdefretters!) en oaren op ’e wurkflier yn feite in kwaliteitsympuls wie. De keunst fan it oarlochfieren omfettet nammentlik mear as inkeld mar destruksje troch wapengeweld. De wjirms frette deade blêden en sette se om yn fruchtbere ierde; de protters frette wjirms en pikke it fruit út it hôf.
Soksoartige gedachten tysken Desiderius troch de holle wylst er syn militêre plunjesek ynpakte. Syn gedachten oppenearren him hieltyd mear yn ’e rin fan syn oplieding. Heldere dreamen krige er ek fan. Goed ûnderwiis kweket goeie minsken, tocht er, en hy seach net sûnder grutskens hoe’t syn nommel antlit wjerspegele waard yn syn blinkende Kalashnikov. Dat brocht him yn it sin wat Kinksma dêroer sein hie. Soe it wier wêze dat de fijân nachts op bêd it mei syn wapen die? It like him oars wol hurd ta, sa’n stik staal tusken de skonken. Of soene se ek ien of oare pop-konstruksje brûke, sa’t er sjoen hie yn dat programma oer dy Japanske en Amerikaanske love-dolls. It soe yndie kinne as dy Kalashnikov ynboud waard yn sa’n love-doll. Soe Bin Laden dêrfoar betelje wolle? It wie foar in legerlieding oars wol saak om alle aspekten fan ’e psyche fan ’e militêr safolle mooglik ûnder kontrôle te hawwen, krekt sa’t in skoaldireksje in skoalplan wol om it ûnderwiisproses safolle mooglik behearskmjittich stjoere te kinnen. Tanksy de globalisearring wiene konkurrinsjeslaggen net mear lokaal mar globalisearre; dêr’t eartiids twa meiinoar konkurearren, koene tanksy de globalisearring hûnderten meiinoar konkurrearje; dêrtroch sakken de prizen en waard it libben fan de boarger in stik nofliker, sa lang as dy boarger net ien fan ’e hûnderten ferliezende konkurrinten wie (no mei goedkeape Poalen en oare konkurreajende arbeidskrêften …) en salang as de monopolist dy’t alle konkurrinten opkocht de prizen net al te heech opjage.
Njonken him wie Van der Balk oan it ynpakken. Op ’e grûn lei in Playboy. Desiderius krige him fan ’e grûn op.
– Dines, Balk?, frege er.
– Nee, sei Van der Balk, mar Desiderius, blêdzje der ris efkes yn om en fertel my dan wat dy opfalt.
Desiderius blêde efkes yn it blêd om. Him wearzge dizze wearzige eksplwataasje fan it froulik liif net, want it bleke skaad fan in teoretyske etyk waard alhiel yn beslach nommen troch it grutter wapengeweld dat him yn oare parten fan syn eigen liif oppenearre.
– Ho ho ho, bearde Desiderius, as wie de Krystman in gleone âldman wurden.
– Mar serieus, ferfette Desi, wylst de rige Heffnerse frouljuskloanen foar syn eagen paradearren, ik ha gjin idee wêrst it oer hast.
– Dêr hiene wy it juster oer, lei Van der Balk út, alle froulju yn it blêd ha deselde maten. Se ha allegear gjin rimpeltsje fet, se ha allegear deselde tinnens fan earm, strakkens fan bûk, se ha allegear itselde lyts-beskieden kraachje fan hier op ’e prom. Of neat.
– Ik begryp it, sei Desi, de uniformearring fan skjintme en seks.
– Wy fregen ús ôf, sei Van der Balk, oft dat net in gefolch is fan de ynherinte ûnferdraachsumens fan it kristendom sels. Ommers, der mei mar mar ien god wêze, stiet yn ’e bibel. Alsa mei der ek mar ien skjintme-ideaal wêze.
– No, ik wit net oft it kristendom sa ûnferdraachsum is, aksele Desiderius tsjin, dy’t kristlik opbrocht wie.
– Och ja ju. Sjoch mar nei de skiednis fan ’e letteren. Ik ha Nederlânsk studearre, de Gouden Ieu is myn spesjaliteit. Troch de hiele skiednis hinne binne skriuwers dy’t oars as strikt bibelse gedachten hiene, hjitfolge, har baan kwytrekke, har kâns op in karjêre kwytrekke, at se net by de katoliken as ketters ferbaarnd waarden. Soms binne har boeken ferbaarnd lykas bard is mei “Roomse Min-Triomfen” fan Van der Merwede fan Klootwijk.
– Wa ferbaarnde dat dan?
– Ik tocht it bestjoer fan ’e provinsje Utert.
– Wie dat sa’n skandalich boek dan?
– No ja, it gie eins eksklusyf oer de liiflike Eros, sis mar, in soarte fan Lolita’s avant la lettre, it ferhaal fan in man dy’t minderjierrige famkes, ‘meisjes van vijftien’, achternei sit.
– Breezer-seks.
– Soks, mar it is in nijgjirrige case-study fan in ferslaving oan liiflike seks. Folle slimmer is lykwols dat auteurs dy’t folslein reedlike dingen seine, de predikanten op har dak krigen. Dat wie by de katoliken sa. Erasmus, in fatsoenlik man, wurdt troch de katolike tsjerke noch altyd marsjinalisearre, en dat wylst er nea ôffallich wurden is. Mar Thomas More, dêr foar oer, dy’t minsken, ‘ketters’, ta de dea feroardield hat, ha se hillich ferklearre. Tink net dat it by de protestanten folle better is. Nee, gjin ferbrâning, mar ferbanning, of it ôfpakken fan je baan. Nim Coornhert. Coornhert is mei syn “Zedekunst” de heit fan sawol de Nederlânske filosofy as fan de Nederlânske Gouden Ieu, literêr besjoen. Altyd hie er it lykwols mei de predikanten yn it jern, wylst syn stânpunten fatsoenliker wiene as harres. Hy hie him blykber de bek hâlde moatten en leverje gjin krityk op de skandlike praktiken. Hy bekritisearre nammentlik sawol wantastannen by protestanten as katoliken. Foar ûnpartidige krityk wurde jo altyd straft.
– Sjedêr in yntellektueel, konkludearre Desiderius. En moast er ek latrines skjinmeitsje?
– By wize fan sprekken, ferfette Van der Balk. Hy waard fuortjage út Haarlem, flechte nei it frije Eastfryske Emden, waard net talitten ta de universiteit fan Leiden doe’t er dêr studearje woe. Sa wurdt de wierheidssiker behannele.
– No, net de wierheidssiker, korrisjearre Desiderius, mar de wierheidssprekker.
– It slimste is lykwols dat dat skandalige gedrach fan ’e predikanten oanhâldt oan de iere 20ste ieu. Skandaliger is dat de literatuerboekjes neat oer soksoarte sinzuer en hjitfolging fermelde, en dus is der sprake fan skiedferfalsking. Der wurdt praat oer de ketterferbaarnings troch de katoliken, mar de protestantse ûnferdraachsumens wurdt yn ’e jamske fâlden slein, en dy auteurs dy’t konformearje lykas in Cats wurde as ús grutste skriuwers nei foaren treaun. It is in skande.
Dat balte Van der Balk, en de oare militêren seagen efkes op fan it ynpakken. It siet Van der Balk, dy’t blykber in frijtinker wie, heech dat de protestantske ideologen ha sa misdroegen hiene, en dat er sels yn syn spesjalisme as nearlandikus noch tsjin de skiedferfalsking en ûnferdraachsumens fan dy seldichste ideologen oanrûn, al seagen se der no dan net sa lyk út as predikanten mar as heechleararen yn ’e nearlandistyk.
– Kinst prate watst wolst, fuorre Desiderius de grime fan Van der Balk, mar de VOC-tiid is doch mar de gloarjetiid fan Nederlân.
Dat leit Van der Balk, kenner fan ’e Gouden Ieu by útstek, net op him sitte.
– VOC?