Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (10)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. cvdw

It wie allegear opskuor yn frou Radsma (nei alle gedachten silger) har keamer. Ferpleegjend personiel draafde út en yn, guon froulju mei de triennen yn ’e eagen. Nuver, se wiene hjir dochs wol wat wend, naam ik oan. Madelon wie der ek hielendal ôf, se hong bryk en sleau op it bêd om en seach alhiel ferdôve foar har hinne. It rekke my sels net sa bot, en ik skamme my dêr ynearsten al wat om, mar ik wie ommers yn it foarste plak wittenskipper, sa stelde ik fêst, en emoasjes hiene jo yn feite neat oan.

In liedingjaand skraal frommeske, drs. Durkje Dam, sa stie op har nammekaartsje, kaam my benei, en frege oft ik famylje fan frou Radsma wie, sa net, dan wie it better dat ik efkes op ’e gong wachtsje soe. Ik knikte, en frege Madelon – ik fersûpte sawat yn har ûnpeilber drôve eagen – oft se it goed fûn dat ik de koffer meinaam, fanwege… ‘Nim mar mei, jo meie him hâlde, nim mar mei, nim mar mei,’ ûnderbruts se my mei in monotoan, amper nei te kommen lûd.

It literêr-histoarysk wetter rûn my om sa te sizzen yn ’e mûle. Ik mocht de koffer hâlde, hie tastimming fan de neiste famylje! Ik die daliks de koffer ticht en draafde sawat de keamer út, de treppen del, nei bûten ta.

De antike koffer wie in swier en lestich bakbist om mei te slepen, bus yn, bus út. It skeat my wat yn ’e rêch, dat op it stasjon haw ik mar in taksy nei hûs ta naam. Gjin tiid foar waarm iten! In pear stikken âlde droege bôle mei nútsjesmoar, dêr koe it skoan mei ta; ik dronk der in beker sûpe by. Doe skille dy frekte Anke wer. Ik liet har efkes oan it wurd, se woe har jas weromhawwe, dy hong hjir noch oan ’e kapstok. ‘Ja bêst, ik stjoer him wol op.’ Myn lûd trille fan argewaasje. Ik smiet de hoarn der op.

It kofjesetapparaat prottele, ik geat de grutste beker dy’t ik fine koe fol mei ekstra sterke swarte kofje, sette de koffer op myn buro del, krige it steapeltsje brieven der út en luts, lang om let, it blauwe lint los.

’s Gravenhage, 22 Dec. ’18.

Achte Frjeon Douwe,

Dizze brief is for jo, mar ik scil him nea op de bos dwaen.

Tenei mear

Diel 1
Diel 2
Diel 3
Diel 4
Diel 5
Diel 6
Diel 7
Diel 8
Diel 9

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *