
No’t de nije regearingskoälysje kêst 1 fan ‘e grûnwet oanpasse wol, is de tiid om te lobbyen foar in ferbod op taaldiskriminaasje.
Kêst 1 fan de Nederlânske grûnwet ferbiedt diskriminaasje “op welke grond dan ook”. Dat is heel breed, mar diskriminaasje is it meitsjen fan “ongeoorloofd onderscheid” en wat “ongeoorloofd” is, dêr kinne jo fan miening oer ferskille. It is dêrom belangryk dat in pear saken yn kêst 1 al neamd wurde. Sa wit elk fuort dat it net tastien is om minsken ferskillend te behanneljen fanwegen ferskillen yn “godsdienst, levensovertuiging, politieke gezindheid, ras, geslacht”.
Lês fierder by Henk Wolf op It Nijs