Geart Tigchelaar

Mei de trekker yn ’e bres foar it Frysk

logo.ensafh

Hein Jaap Hilarides is bekend as dichter en muzikant. Dichtsje docht er yn it Biltsk, Frysk en Nederlânsk. Syn proaza skriuwt er almeast yn it Frysk. Sa ek syn nijste roman De trekker fan Troje. Mei it Frysk hat er in breder berik as it Biltsk, sa’t er sels oanjûn hat. En de tematyk fan De trekker lient him dêr ek folle better foar. In oare reden dy’t meispile wie dat it foar de subsydzje yn it Frysk moast.

Yn De trekker fan Troje folgje wy Friso, dy’t opgroeid is op in pleats dêr’t syn broer Hero no mei harren heit op buorket. Friso hat trochleard en bedarret úteinlik yn Brussel as lobbyist. Dêr set er him yn foar it belang fan minderheidstalen yn Europa en sa dus ek foar it Frysk. It ivige praten hellet net altiten it measte út, dat dêrom moat der aksje komme. Friso is oansletten by in groepearring mei de namme Gryp dy’t him ynset foar mear autonomy foar Fryslân en mear oansluting mei de twa oare Fryslannen siket. Op in stuit tsjogge hja mei trekkers nei Brussel ta om mear rjochten ôf te twingen.
Yn de oanrin nei dy aksje wurdt it libben fan Friso, mar ek dat fan syn broer Hero út ’e doeken dien. It studintelibben yn Grins mei tal fan oare drinkematen en nuvere hapsnurkers kriget dêrby folop syn gerak. Mei nuvere fiten en rau praat bringt de skriuwer op smoute wize humor yn de fierders serieuze roman.

‘Noch sa smoar as in aap siet ik net goed op ’e pot, moatst rekkenje. Foar’t ik der goed en wol erch yn hie, flapte de lange drol der al út. Strûpt de keutel my dêr net krekt oer de bril hinne. Ik fûn it sa sneu foar de kreaze famkes fan it studintehûs. Ik ha de tinne slanter fan de grûn fandele en yn de pot goaid. As smiet ik in rikke iel yn in jarresleat.’
(s. 52)

Sa telt de roman in soad eleminten: leafde – en leafde is nea ienfâldich -; identiteit en de striid foar it Frysk en alles wat dêrmei gearhinget; coming of age, ôfwiksele mei beskriuwings fan it boerelibben. De auteur hat ek noch in thrillereftich ferhaal skriuwe wollen troch te begjinnen mei de dea fan Friso en Hero harren heit. It wurdt fuortdaliks al dúdlik dat dêr mear efter stûket as allinnich mar in dom ûngemak.
Nei dy yntroduksje komt der in haadstik dat hjit fan ‘It jongesparadys’ dêr’t noch mear haadstikken oer folgje. Dêryn kriget de lêzer in ynkyk yn it jonge libben fan Friso en Hero. Dêrnei folget wat it grutste part fan it boek útmakket: de oanrin nei de aksje yn Brussel. De dea fan ’e heit ferdwynt dêrtroch nei de eftergrûn en dêrmei ek it thrillereftige elemint. Dat sjogge wy pas werom oan ’e ein fan it boek wannear’t de aksjegroep Gryp oansluting fynt by oaren, benammen boere-organisaasjes en nei Brussel rydt.
Troch dy hoemannichte oan eleminten (it is soms krekt as wol er safolle mooglik saken ôffinke) rint it boek wolris wat fan koarstekoeke nei jenever. Sa kin ynienen it petear omslaan nei de Upstalsbeam en de skiednis derfan.
De skriuwer set mei Friso en Hero twa nijsgjirrige types del dy’t er sa goed mooglik besiket út te wurkjen en ek harren ûnderlinge relaasje. Graach hie ik sjoen dat er dêr noch wat mear op ynsetten hie en dêrby wat mear oan show don’t tell dien hie. Sa set er ferskate sitewaasjes en karaktereigenskippen wolris wat te gau del en wurdt it dêrmei krekt wat minder plausibel. Gauris wurdt der mei ien sintsje sein dat in beskate tastân feroare is. ‘De bittere ûnderfining soe syn bloed lykwols suverje. It goede spielde der út.’ (s. 34). It is krekt as moat it hurd om wer oer gean te kinnen nei wat oars. En dat is spitich want Hilarides kin it kreas ferwurdzje en set moaie observaasjes del.

It frijen wie in flecht, in ûntsnapping út ’e boaze wrâld. Of wie it oarsom? Rôp de hertstochtlike frijpartij de iensumheid op dy’t derfoar soarge dat ik tocht dat de wrâld my net begriep? De seks brocht ús net tichter by elkoar. Nei’t wy útraasd wienen, hie ik it idee dat wy just fierder fan elkoar ôf stienen. Wy wienen ússels genôch. De iensumheid wie grutter wurden. It allinne wêzen, it allinne fielen, hie it koarte ferheftige leafdefjoer oplôge. Nei’t de opwining fan lilkens, frustraasje, skamte en it net begrepen wurden opbrând wie, bleau de jiske fan ’e iensumheid oer.
(s. 93)

Dat soarte fan stikken hie ik wol mear fan lêze wollen. Twa alinea’s fierder as de krekt oanhelle passaazje stiet dat se earst net mei-inoar omgienen mar dat soks letter feroare. ‘No gean wy gewoan mei elkoar om.’ En dat se gjin ferkearing hawwe. It wurdt efkes neamd, de lêzer moat it mar oannimme, mar dêrtroch kin er him der minder wat by foarstelle. Wylst de omgong dêrfoar folle mear libbe kwa beskriuwing. Sokke foarbylden binne der mear te jaan.
Mar dochs, krekt om’t de roman sa tsjokfol sit, is der in soad út te heljen. It omfangrykst en it nijsgjirrichst is de tematyk oer it Frysk en de Fryske identiteit. It is fris en nij hoe’t dat yn dizze roman oanpakt wurdt troch Hilarides. It giet net inkeld oer it feit dat guon lju graach in ôfskieding wolle fan Nederlân en oaren dat om beskate redenen net wolle of der it nut net fan yn sjogge. Der wurdt in soad rept oer oare minderheden en wat it betsjut om by in (taal)minderheid te hearren yn it grutte ferbân fan Europa. En net allinnich wat Europa dêryn betsjutte kin, mar ek wat Europa betsjut foar jin as yndividu. Dat is net allinnich nijsgjirrich foar de Fryske lêzer, mar ek foar beliedsmeiwurkers yn sawol Fryslân as dêrbûten. Al binne dy passaazjes nijsgjirrich, se helje wol it thrillereftige elemint út it boek wei. Wat mear konsintraasje hie gjin kwea kinnen. Echt spannend wurdt it pas wer as se yn Brussel binne.
Hoe dan ek is it glêshelder dat Hilarides hjir in fundearre miening oer hat en der noch lang net oer útskreaun is. Fandêr dat er op it stuit yn Maribor yn Slovenië tahâldt om dizze matearje yn in noch breder ramt te setten en te ûndersykjen. Ek hat Hilarides yn in fraachpetear yn nûmer 3 fan Ensafh fan dit jier, oanjûn dat it ferhaal oer de figuer Friso noch wol in ferfolch kriget. Ik bin benijd nei de fierdere ûntjouwing fan dat personaazje en de fierdere ynsjoggen dy’t Hilarides de lêzer foarsette sil. De trekker is begûn te rôljen en stiet sa’t it skynt foarearst net mear stil.

Hein Jaap Hilarides
De trekker fan Troje
Bornmeer, De Gordyk 2017
ISBN: 9789056154097
Ferkeappriis: € 19,95

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *