Skermer

De kearn

logo.ensafh

Wannear wurd ik optild? As ik yn in museum of in teater bin. Museums en teaters binne foar my bûten it lânskip de ultime romten, ik soe der alle dagen wol wêze wolle.

In pear wike lyn ha wy yn it Posthûs op it Hearrenfean nei in foarstelling west fan De Kern, myn frou en ik komme graach by in stik fan dat selskip. In tal jierren lyn kaam myn frou mei it útstel om nei harren foarstelling oer de non Hildegard von Bingen ta. Wy wiene beide ûnder de yndruk en sûnt komme wy geregeld by de Kern, dy’t yn Fryslân alle jierren alinne it Posthús oandocht.
De Kern hat him spesjalisearre yn stikken oer froulju út de skiednis en de literatuer(de skriuwster Belle van Zuylen, de skriuwster George Sand, de skriuwster Virginia Woolf en de skilderes Vanessa Bell, beide lid fan de ferneamde Bloomsburygroep, de skriuwster en psycho-analytika  Lou Andreas Salomé, de keninginnen Victoria en Juliana, keningsdochter Johanna de Waanzinnige en dus Hildegard von Bingen) en ek literêre personaazjes (Anne Karanina út de roman fan Tolstoj en Anna, Hanna en Johanna út de roman fan Marianne Fredriksson). Sels skriuwe se der oer: ‘It binne faak stikken om opmerklike froulju hinne. Froulju fan fleis en bloed, dy’t opbokse moatte tsjin de tradysjonele begrinzingen fan harren tiid.’ Wat De Kern docht is aktuele tema’s oansnije en ferbine mei it libben fan histoaryske persoanen.

It stik ‘Johanna de Waanzinnige’ oer de Spaanske keningsdochter Johanna fan Kastilië giet oer de Spaanske keningsdochter Johanna fan Kastilië dy’t yn 1496 úthoulike waard oan de Philips de Schone foarst fan de Bourgondyske Nederlannen. Se reizge dêrta mei in ryk útriste float nei Flaanderen ta. Se troffen inoar yn Lier en wiene daliks by it earste sjen deadlik fereale op inoar. Ta ferbjustering fan it hôf rûnen se sûnder in wurd te sizzen nei bûten, lieten har op ’e strjitte troch de earste de bêste pastoar trouwe en sleaten har dêrnei tegearre yn ’e foar harren ornearre wenning op. Net eardere as de oare deis kamen se wer foar it ljocht en doe binne se foar de twadde kear kreas neffens de etikette troud mei alles der op en der oan.
Dêrnei waard se in spylbal fan de macht yn de striid om ’e troan fan Kastilië. Har famylje fûn har der net geskikt foar – se waard as ûnlykwichtich bestimpele -, dat doe’t har mem Isabella fan Kastilië stoar en Johanna formeel yn oanmerking kaam om keningin fan Kastilië te wurden naam har heit Ferdinand fan Aragon de funskje waar. Har man woe mei syn Flaamske freonen Spanje en Bourgondië oaninoar plakke en har soan Karel V keizer fan Europa wurde.
Doe’t Filips de Schone yn 1506 – yn Spanje – stoar hâlde se de leaden kiste mei syn lyk trije jier by har wêr’t se ek gong, oant har heit har der fan oertsjûge dat er begroeven wurde moast. Johanna waard dêrnei opsletten yn in kastiel yn Tordessilas, dêr’t se mear as fjirtich jier, oan har dea yn 1555 ta, tahâlde soe.
It stik fan De Kern spilet yn dat kastiel en har herteleaze soan Karel siket har dêr op.
Har âlden, Ferdinand fan Aragon en Isabella fan Kastilië, de Katolike Keningen neamd, twongen yn 1492 kening Boabdil fan it keninkryk Granada, it lêste Moarske bolwurk yn Spanje, ta oerjefte en har soan Karel liet letter as kening fan Spanje yn it Moarske paleizekompleks it Alhambra as ferjilding foar de Trukse oanfal op Wenen yn 1529 in kastiel bouwe, sa as earder yn 1236 midden yn ’e moskee fan Cordoba in katedraal boud waard.
Nêst Karel V hie Johanna noch in soan, Ferdinand, dy’t ek keizer fan Hillige Roomske Ryk wurde soe en fjouwer dochters dy’t keningin waarden, fan Portugal, fan Frankryk, fan Demarken, fan Hongarije.
Yn ’e Keninklike Kapel nêst de Katedraal fan Granada binne, moai nêstinoar, de enoarme prielgrêven fan Ferdinand en Isabella en fan Johanna en har Filips te finen.  Fan de prachtige glêdpolyste wytmarmeren grêfmonuminten liedt in trep nei de kelder ta der’t it ljocht rjochte is op de behindige leaden grêfkisten, dy’t sa ûnfoarstelber kontrastearje mei wat der boppe te sjen is.

De Kern is yn 1986 oprjochte troch Ineke ter Heege en Jan-Jaap Jansen, dy’t de artistike en algemiene lieding fan de toanielgroep foarmje. Se spylje yn alle stikken mei, dy’t se sels ek skriuwe, soms tegearre, mar faak apart faninoar; inkeldris bewurkje se in stik. De trochbraak nei it grutte publyk belibbe De Kern yn 1993 mei de foarstelling ‘Belle of Geen talent voor Ondergeschiktheid’ basearre op libben en wurk fan Belle van Zuylen. En dêrnei wie de kreativiteit fan it duo Jansen en ter Heege net mear te stuitsjen.

De basis en it moaie fan De Kern is, dat se in deeglik en klassyk soarte toaniel op ’e planken sette. ‘Ambachtlik’ neame se it sels. De stikken binne sa helder as glês en tsjûgje fan in oangenaam, in ûnneidruklik feestlik omtinken foar taal, details, kostúms, dekôr en muzyk.

De foarstelling dy’t wy in pear wike lyn sjoen ha hyt ‘Verliefd in Rusland’ en tsarina Katharina de Grutte stiet der yn sintraal. It stik sit fernimstich yninoar. It spilet yn de spelonken (en in seal) fan it Hermitaazjemuseum yn Petersburg, it eardere paleis fan de tsaren. In Nederlânske sjoernaliste is in Ruslân om in artikel te skriuwen oer de útstalling ‘De leafde troch de ieuwen hinne’ dy’t in konservator fan it museum oan it tarieden is. Se reitsje fereale op inoar (se binne beide troud) en spylje harren ferlet nei freonskip, leafde en passy út troch yn ’e rol te krûpen (harren klean oan te lûken) fan de tsarina en har minner Alexander Potemkin (toanielspylje is in rol spylje en troch dy rol wat sjen litte). Nêst Ter Heege en Jansen spilet Margreet Heemskerk as politika en de frou fan de konservator yn in stik mei.
Leafde, filosofy, polityk, it krijt allegear op fantasirike en boartlike, mar net oerflakkige wize in ôfwoegen plak. It dekor dûnset. It bestiet út sechtjin losse stikken – skilderijen makke troch Wies Jansen – dy’t spylejnderwize troch de akteurs ferset en omdraaid, op ’en nij arransjearre wurde.

Wy sieten op ’e earste rige, sa as wy it leafst sitte, ticht by it spul, ticht by ús helden. En nei ôfrin waard sa as wenst de saak kompleet makke. Nei de foarstelling treft men de spilers yn de foyer, hat men it oer it stik. De spilers fan De Kern wolle graach prate mei harren publyk. Men fielt jin tich by har. It binne gewoan lju dy’t men graach op jins jierdei noegje soe.

Ik bin fallen foar De Kern, foar harren stikken, foar de spilers. Troch toanielgroep De Kern ha ik in toanielgoadin, Ineke ter Heege, natuer en keunst yn ien.

Wêrom wol ik alle dagen wol yn mueseums en teaters wêze? Dêr kom ik troch de krêft fan keunst ta libben. Dêr kom ik by myn kearn.

Wat is de kearn fan keunst? Fan geniet en pine it godlik feest!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *