foaropwurd 105

logo.ensafh

foaropwurd

fan freed 7 desimber 2007

Sinteklaas is fuort, jo kinne wer efkes útblaze, want # 105 iepent dermei yn in moai loftich fers fan Meintsje Brouwer; har debút op Farsk.

Henk Liauckema syn fers Chantal bringt de loft ek poëtysk yn beweging, mar dan wer hiel oars.

Durk Linige docht ús oan mei syn fers by de betide dea fan syn leave dochter Cynthia, yn de Mid-Frysk Goud rige fan Eric Hoekstra.

Abe de Vries is oandien troch de muzyk, it libben en de fersen fan de yn 1997 ferstoarne dichter/sjonger Townes van Zandt. Yn syn essee – plus twa filmkes mei Townesmuzyk – ek Fryske oersettingen fan Townes-lieten troch Gerrit Breteler en Beorn Nijenhuis.

Mear oersetting yn it Frysk fan Klaas Bruinsma: in lofdicht van Lucretius op Epicurus en dan ha wy it fansels oer de goeie smaak.

Hoe sit it mei de (goeie?) smaak yn in talkshow en de media? Lês hjirfoar de kollum fan Ytsje Hoekstra, ynklusyf managers, ûnderwiis, leararen en gearkomsten.

Mear fan dat lêste yn it ferhaal fan Jehannes Boorsma, dy’t njonken smaak op Farsk ek it olfaktoarysk fermogen der by hellet, én Sinteklaas -yn in frjemde foarsizzing.

Ek frjemd is dat ek dy oare Hoekstra, Eric, it ek al hat oer Oprah; no ja Desiderius dus, yn it feuilleton.

Fan in Fries yn Afghanistan dan ta einbeslút nei fan it Frysk nei it Nederlânsk, yn in proazaoersetting. Lês wat IJsbrand van den Berg fynt fan De Ladder en de Ljedder.

Bringe de triemmen fan Riemersma jo derta om sels yn de pinne te klimmen?
Tink nochris oan ús eardere fraach :
Ha jo eins wol wat mei engaazjemint en aktualiteit? Set it yn in fers, ferhaal as skôging en stjoer it nei de redaksje.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *