
De lêste tiid is der faak in ferske op de radio dêr’t de yntro my fan oan in resint disneyferske tinken docht. Cannot be unheard. Hawar, dat is net wêrom’t ik efkes skriuwe woe. Jim witte yntiid ek dat ik gjin Dichter fan Fryslân wurden bin. Dêr bin ik net sneu om hear, ik wie al lang bliid dat ik nominearre wie. Nije wike is de huldiging fan Eeltsje Hettinga, dy’t de ynfolling fan dat dichterskip wol tafertroud is. Aardich is ek dat we nije wike tegearre op it poadium steane foar Explore the North. Dat wurdt in drok literêr wykein: freed nei Balk, saterdei nei Ljouwert yn de Westertsjerke en snein wer nei Ljouwert foar Dichter skriuwt Liet.
Lês fierder by Sigrid Kingma