
De Sjuery fan ‘e Gysbert. ( Diel 1) ( Diel 2 november 25 – 2017 )
Wy skriuwe moandei 5 desimber 2016.
It is mistich en kâld yn Ljouwert. Op syn heechst in graad as fiif. Alve oere moarns en noch net in ambtner te sjen. De Twabaksmarkt leit der ferlern by. Och nee, dêr rinne dochs guon minsken. Ut trije hoeken wei skarrelje twa manlju en in frou, klaid yn grauwe jassen, troch de kjeld op it provinsjehûs oan. Efkes letter freegje se, ien foar ien, oan ‘e baly nei Sietske Poepjes.
“Frou Poepjes is noch net yn ‘e hûs. Har tsjinsttyd begjint wol om alve oere, mar it earste heal oere wurket sy yn ‘e auto. Laptop op skoat. Sa healwei tolven wurdt sy hjir foar de doar ôfset. Jimme kinne dêr yn ‘e hoeke wol even op har wachtsje.”
Lês fierder by Eddy Drost