
Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw
’s Gravenhage, 22 Dec. ’18.
Achte Frjeon Douwe,
Dizze brief is for jo, mar ik scil him nea op de bos dwaen.
Ik haw foar it gemak de ein fan myn foarige blogke hjir wer efkes boppe-oan plakt, en ik nim oan dat jim it mei my iens binne dat sa’n âldfrinzich sitaat eins hast net mear nei te kommen is foar in sljochtwei lêzer. Ja, iksels bin wol wat wend, mei myn ekspertize as literêr-histoarysk ûndersiker, mar myn publyk te narjen mei soksoarte tige toarre teksten… Nee, dat moat oars.
De hiele nacht, oant seis oere ta, haw ik yn de brieven lêzen, twa kear steurd troch Anke dy’t my, wierskynlik tige besopen fan de swiete wite wyn, skriemend skille. Se hie spyt, sa’n spyt, se woe it wer goed meitsje, se… De twadde kear haw ik har útskolden, tige ûnfoech, ik sil it hjir net werhelje, en dêrnei de stekker der útlutsen.
Mar dy brieven… Ik woe skriuwe fan: ‘Ik wist net wat ik lies,’ mar dat is noch fierstente swak útdrukt. Dit sil in skok sûnder wjergea yn de Fryske literatuer teweibringe. Jenne Krul sil it net leauwe wolle, de ‘gelearden’ sille sizze dat it in ferfalsking is, dat ik it allegearre sels optocht haw. No, se sykje it mar út. Letter hjoed, ik sil no efkes op bêd, doch ik de brieven ûnder de scanner en dêrnei bring ik se nei in geheim plak. Ik moat der fansels al om tinke dat net ien my folget… Dêrom plen ik dit blogke sa yn dat er earst om tsien oere fannejûn pleatst wurde sil. Dan haw ik se al ferstoppe.
Ik hie it sa betocht: foarearst skriuw ik gjin persoanlike blogkes mear, mar sil ik besykje om yn fiksjefoarm it nije ferhaal fan Simke en Douwe te fertellen. Betiden sil ik fansels út de nije brieven sitearje, mar dan omstavere en bewurke. It kin wêze dat der driuwende persoanlike saken op myn paad komme, dan ûnderbrek ik it ferhaal. No, sokssawat. Ik set fêst mar útein:
Simke en Douwe (foarriedige titel)
Heal novimber, ’s Gravenhage, de Van Weede van Dijkveldstraat 29, sawat trije oere middeis, de tûken swypken tsjin de ruten, mar it wie noch droech. Simke Kloosterman, sittend oan har skriuwtafel en klaaid yn in foarname jûpe fan kant mei hege kraach, hie krekt in lekker bakje tee mei eigenbakte keek krigen fan Lucia, de tsjinstfaam, doe’t de altyd fleurige postrinner, plat Haachsk pratend, in steapeltsje brieven del brocht. Neist de gebrûklike ôfstjoerders, lykas har nicht Marije, en in stikmannich brieven fan fêste lêzers, wie der ek in tinne slúf by mei as ôfstjoerder in beskate D. Kalma. Dat koe wolris nijsgjirrich wêze, tocht se, en har eagen ljochten op: de brief wie grif fan Douwe Kalma, de dichter en foaroanman fan de Jongfryske Mienskip.
‘Achte jiffer Kloosterman,’ wie de oanhef. Kalma woe graach in fers fan Simke opnimme yn in nije blomlêzing dêr’t er mei dwaande wie om gear te stallen. Dat like Simke wol wat, en sa rekken de twa oan it korrespondearjen.
Tenei mear
Diel 1
Diel 2
Diel 3
Diel 4
Diel 5
Diel 6
Diel 7
Diel 8
Diel 9
Diel 10