
Sechstjin banieren mei sechstjin Fryske gedichten ophongen oan de lantearnepeallen bylâns de Luts yn Balk foarmje in moai gehiel. Dat dy gedichten dêr hingje hat te krijen mei it feit dat op freed 24 novimber de dichter Eeltsje Hettinga yn Balk ta de earste Dichter fan Fryslân beneamd wurdt. Deputearre Poepjes docht dat yn de meniste Gortertsjerke. Der wiene seisentritich dichters dy’t yn ’e beneaming komme woene om de kommende twa jier Dichter fan Fryslân te wêzen. Tagelyk wiene der dichters dy’t it net iens wiene mei de betingsten dêr’t oan foldien wurde moast. Der wiene ek dichters dy’t de sjuery net by steat achten en meitsje de goede kar.
Dat hie fan gefolgen dat guon dichters net meidiene en wer oaren in alternatyf betochten. Dy dichters woene ta op in kollektyf fan fjouwerentweintich, sadat alle moannen in oare dichter efkes Dichter fan Fryslân wêze soe. Der wie ek in publykssjuery. Dat wiene wy mei-inoar. Wy mochten allegearre stimme op trije gedichten, dêr’t gjin dichters by neamd waarden. Trije nominaasjes dus. Likegoed koe ien fan dy trije har net hielendal stil hâlde. Der hat dus aardich wat rebûlje west en faaks is dat der noch wol.
Lês fierder by It Nijs