Jouke Hylkema

Spul thús / Thússpul

logo.ensafh

Stille tsjûgen steane stomslein fan strideraasje
Foarlike fynsten fan hynsten, feitlik ferdreaun
Diagonale rinders yn ’e besnijing fan skeanten
Stive statueren en bloc as stilswijende skowers

Spanningsboarnen as statyske yntriges fan hout
Wachtsje op bewegings, meganismen fan ’e hân
It boerd de stikken, hurde staketsels fan it ferstân
Teaterfoarm as in ferhoalen flechtplak foar ferhâldings

Isolearre stiet in lytsman klear fan swart op wyt
En passant foarbygien oan syn neiste opponinten
In ienling dy’t al langer longeret nei keninginnen
Metamorfosearret troch syn hoedene rinnen

Yn ’e arena fan kontrasten stiet it driigjende toaniel

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *