Teleks: Eeltsje Hettinga Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Foar Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân is it plezier yn de taal it belangrykste. ‘Yn it meitsjen bin ik myn wurden,’ sei hy by syn beneaming. It Frysk is foar him fanselssprekkend. Hettinga ferwiisde yn syn taspraak nei syn talige famylje – syn heit, dy’t ‘sûnder omhaal in hiele jûn folprate’. Hy neamde ek syn âldere broer Tsjêbbe Hettinga, de dichter dy’t yn 2013 ferstoarn is.

Yn de Herman Gortertsjerke yn Balk is Eeltsje Hettinga famiddei foar twa jier beneamd troch deputearre Sietske Poepjes. Hy sil seis oant tsien gedichten yn ‘t jier skriuwe. Hy lit him dêrby ynspirearje troch wat der om him hinne gebeurt. As Dichter fan Fryslân wol Hettinga gearwurkje mei oare keunstners, lykas hy no ek al docht mei fideokeunstner Lotte Middendorp. Hy sil selsstannich en ûnôfhinklik bliuwe.’Unôfhinklikens betsjut yn dizzen dat ik nimmen’s slippedrager bin, net fan de polityk noch fan hokker ideology ek,’ sa sei Hettinga.

Lês fierder by Finster op Fryslân

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *