Teleks: Sjuery Dichter fan Fryslân fynt krityk net terjochte

logo.ensafh

De sjuery fan Dichter fan Fryslân hat syn wurk goed dien en him neat oanlutsen fan de krityk, seit sjuerylid Tamara Schoppert. Yn de Herman Gortertsjerke yn Balk is freed Eeltsje Hettinga útroppen ta de earste offisjele Dichter fan Fryslân.

It is in nij projekt fan de provinsje, dat yn de ôfrûne moannen in soad kommentaar krige fan dichtsjend Fryslân. Guon fûnen dat se om beurten Dichter fan Fryslân wêze koene en wiene it der net mei iens dat ek amateurs oan de kompetysje meidwaan mochten. Boppedat wie der ek krityk op de sjuery, om’t dêr gjin Fryske dichters ynsieten.

Dizze sjuery bestie út Schoppert, Pieter van Lier en Obe Alkema. Deputearre Sietske Poepjes rikte freedtejûn de ûnderskieding út oan Hettinga: in sulveren spjeldsje mei in pompeblêd en twa dakjes, as symboal foar de Fryske taal.

Hettinga is twa jier lang Dichter fan Fryslân en sil seis oant tsien gedichten yn it jier meitsje. Dêrby wurket er gear mei oare keunstners.

Boarne: Omrop Fryslân

8 reaksjes op “Teleks: Sjuery Dichter fan Fryslân fynt krityk net terjochte

  1. Op it Gouveneursplein stie Tamara Schoppert ek mar wat the âljen.

    ‘Ik ha der o sa’n nocht oan’
    ‘Ik kin net wachtsje’
    ‘Wie it mar sa fier.’

    En mear fan soksoarte flauwekul. Op in úterst trochsichtige wize de ‘popiejopie’ úthingje.

    De hiele gang fan saken rûn de ferkiezing ‘Dichter fan Fryslân’ is te sneu foar wurden.
    Ik ha it miskien oer de holle sjoen, mar wa hat it gedicht ‘Peter Tuinman’ skreun?
    It ‘gedicht’ seit al genôch oer de kwaliteiten fan de sjuery.
    De publykspriis? Gjin hûn hat op dizze flauwekul in stim útbrocht! Falt near oer bekend te meitsjen..

  2. Hie Drost it sjueryrapport net lêze kind – moatten – foardat hy reagearre? Dat stie nammentlik al in dei earder op de site dichterfanfryslan.nl as syn reaksje. Fierder begryp ik net wat de rol fan Tamara Schoppert by de presintaasje fan it programma fan LF2018 te krijen hat mei de proseduere of sjueryaktiviteiten de Dichter fan Fryslân oanbelangjend. As spiler, regisseur en (mei)betinker yn/fan alderhande foarstelling en projekten is sy safolle mear as dyjinge dêr’t Drost har ta redusearret.

  3. Tamara Schoppert seit gewoan de dingen dy’t har opdrachtjouwers graach hearre wolle. Dat is my wol dúdlik. Boppedat as jo it gedicht ‘Peter Tuinman’ nominearje foar Dichter fan Fryslân binne jo net saakkundig en sette jo de Fryske dichterswrâld foar peal. En wa’t hat it ‘gedicht’ skreun? Oant no ta wit ik it noch net. Kollega Tuinman fan Schoppert soms sels?
    Wêrom’t set ‘ES’ syn eigen namme net by de reaksje? Wol wat eamelje oer myn skriuwen at it oer frou Schoppert giet, mar ynhâldlik neat oer myn krityk op de ferkiezing Dichter fan Fryslân.
    Jimme hjirre sille wol witte wa’t ‘ES’ is, mar ik wit dat net. Dat ES graach jo eigen namme der by sette.

  4. Sa’t ik justerjûn al skreu wie myn kanttekening by it gedicht ‘Peter Tuinman’ net terjochte en ha ik myn ekskuses oanbean. It stie yndied yn it sjueryrapport.
    Ek de ynsinuaasje dy’t ik der oan koppele kin net troch de beugel. Ek dêr foar myn ekskuses.

    Mar lit ik de gang fan saken rûn de ferkiezing Dichter fan Fryslân noch ris op in rychje sette.
    It idee ‘Dichter fan Fryslân’ fûn ik in moai inisjatyf. Dat sels ‘amateurs’ útnûge wurde om oan de ferkiezing mei te dwaan hie ik neat op tsjin. (net dat ik in gedicht ynstjoerd ha.) At jo fan betinken binne dat jo foar de ‘Dichter fan Fryslân’ yn oanmerking komme stjoere jo gewoan in gedicht yn.
    Lykwols, as ien fan ‘e nominearren har namme bekend makket bin ik fan miening dat de sjuery har fuortendaliks diskwalifisearre moatten hie, oft hie de beide oare nammen ek op de webside fermelde moatten. Dat is net bart.
    At ik dan ek noch ris lês dat it Sietske Poepjes ‘neat útmakket’ en it bliuwt sa it is, wurdt de hiele ferkiezing neffens my in ûnbetrouber barren. Boppedat, is it oan Sietske Poepjes oft de Afûk om dizze beslissing te nimmen? Hie de sjuery net sizze moatten. ‘Ho, ho Afûk dit giet net neffens de regels, frou Kingma leit der út?’ Jawis! Dan wie der sprake west fan in ûnôfhinklike sjuery. No net en makke de Afûk fan ‘e hiele ferkiezing in konkelfoezerij en lit de sjuery him foar de karre spanne.
    En sa is it, en net oars! Skandalich!

    Ja, ik ha mei ferbjustering sjoen nei de skerts fertoaning fan Tamara Schoppert op it Gouveneursplein. Ha ik dan ek betrouwen yn har as foarsitter fan de sjuery. Nee, ‘not by far.’

    De Afûk hat sich mei de ferkiezing fan de minne kant sjen litten. Arrogânsje slacht foar master op. De minsken dy’t by de Afûk wurkje wurde betelle troch de miljoenen oan subsydzje dy’t se jierliks binnen krije. Arrogânsje heart dêr net thús! Koen Eekma giet mei pensjoen. Better let as net!!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *