Edwin de Groot

Niks net koart op ‘e siken!

logo.ensafh

Mei syn bondel Neigeraden it Noarden hat Eppie Dam bot yndruk op my makke.
‘String tematysk en ienkinnich griis’, sa wurdt dizze foargonger fan syn nije bondel Blausucht troch de útjouwer Fryske Pers Boekerij omskreaun. No, dat grize hat my aardich rekke. Moai griis is ek griis, no. It makke my nijsgjirrich nei de opfolger.
Neffens de tekst op it omkaft fan Blausucht hoech ik no net te rekkenjen op string tematysk en ienkinnnich griis. ‘Blausucht hat de bûntens fan in keppel hoantsen. De dichter skriuwt oer syn relaasje ta tiid en ferline.’ En ja, it earste gedicht ‘Hoantserid’ lit oan kleur neat te winskjen oer:

Hjir liet in skilder syn palet
en groeiden út ’e ravaazje
fan kleuren tûzen fearren.
Untplofte in fruitskaal
(…)

Dam liket himsels yn dit skift ‘It bloed krûpt’ op ’e kaart sette te wollen.
Nei ‘Hoantserid’ giet it fia it wrakseljen mei suske:
(…)
akseljend en wrakseljend,
elkoar ferstjitten, dan wer oanhellen

(…)
nei sûkerspinnende skilder Bob Ross. En fia bloed dat krûpt en ûnrêst yn ’e kop:
(…)
slane yn myn holle alle finsters;
rost, rammelt, bonkt,
om alles wat ik noch net sei,
it ferlossende wurd
oan de tichte doar
dy’t ik net iepenkrij.

op nei it titelgedicht ‘Blausucht’.

Yn ’t Hollânsk is dat ‘blauwzucht’ oftewol cyanose. Blau wurde om’t it lichem net genôch soerstof krijt en blau begjint te sjen. Is Dam koart op ’e siken? Benaud liket er al te wêzen, net troch in tekoart oan soerstof, mar faaks  om’t er op in punt stiet en meitsje de rekken fan ’t libben op. Hy is de boatsman út it titelgedicht, dy’t mei in út waaihout boude skûte útfart. Is de ‘waansin’, in wurd dat Dam brûkt, faaks de midslibbenkrisis? Makket dy waansin dat hy de haven út wol om te sjen oft der noch mear is? De sucht nei it blau oan ’e kimen?

(…)
stoarjend wat de ûnbesiele einder
noch foarriedich wit oan útsjoch.

It idee dat dit in kaaigedicht is en dêrom de titel fan de bondel liket net sa raar. Dam is fan 1953 en falt yn ’e kategory fan kandidaten foar soksoarte fan krisis. Ja, mei ynternet is elkenien pynter.
It is yn elts gefal net sa raar dat op dy leeftyd weromsjoen wurdt en foarút nei wat dêr noch mear wêze kin. Dam tinkt oer it libben nei, wat er ek al die yn Neigeraden it Noarden.

Yn Blausucht lit er wer sjen in master fan ’e taal te wêzen. Yn ‘Monolooch fan de gletsjer’  is de dichter de gletsjer, de gletsjer it libben, it libben de dichter.
Earst noch mei in soart wurden dy ’t losjes klinke: snie, bôlen dy’t kromje, koalwyt wjukjen, môge, wylgekatsjes; allegear wurden dy’t op de ien of oare wize in sêftens meibringe, de ûnskuld fan jeugd.
Mar dan wurdt der wrongeldaai knette, druid der kjeld yn en skoot de dichter as ‘blyn massyf/de delling yn ‘e mjitte. Stiel hat de sniejacht smeid (…)’
Masterlik hoe’t Dam dizze ûntjouwing fan los en ûnbefongen as snie nei it iizig korset fan ‘t  libben en de ferlossing yn ‘t floeiber wurden ferbyldet troch as gletsjer stadich de kant fan ‘ferjitnis’ op te ranen.

Wat Dam yn Neigeraden it Noarden die yn it gedicht ‘Nacht fan de baltende balgen’:

rôp de reiddomp damp en dize om –hoe
heger de hûch nei de himel, hoe
djipper de smûch fan it ûnlân om dea.

werhellet er kwa taal yn ‘Monolooch fan de gletsjer’ op spektakulêre wize:
(…)
Licht en los as struisel hie ik mij de dagen tocht,
achteleas delsaaid út in wylgewolk oan katsjes-
ynstee fan moal dêr’t tiid syn wrongeldaai út knettet.

(…)

Yn in oar gedicht út dit earste skift ‘It bloed krûpt’ komt inselde tematyk nei foaren as yn Neigeraden it Noarden: de tsjerke. Hy hat syn betinkingen oer aspekten fan it kristlike miljeu mar fan in absolút ôfkearen is gjin sprake. Yn ‘Guon wurde berne’:

(…)
Wit dat ik de jierren fan beton
in trou persoan west ha
en aanst yn stille dining
sûnder knarsetoskjen
oer it grintpaad sil.

It is fan ienselde drôve stiltme as ik by C.O. Jellema tsjinkom. Dy ferwiist trouwens ek regelmjittich nei it leauwen/de Bibel. Nim de gjalp fan Jezus yn Johannes 12 : ‘Nu is Mijn ziel ontroerd; en wat zal Ik zeggen? Vader, verlos Mij uit deze ure!’ dy’t by Jellema weromkomt yn:

Nu is mijn ziel met het moment in rust,
alsof ik nooit tevoren zo bestaanbaar was.
Ik weet niet wat ik liever wou: gekust,
gekust op beide wangen,
of mijn gezicht neerleggen in het gras.

Dam hat mei ‘It bloed krûpt’ in yndrukwekkend skift delset.

Yn ’t twadde skift stiet Dam stil by in tal plakken dêr ‘t er op de ien of oare wize in bân mei hat, ûnder oare: Aldsyl, Feankleaster, in sloopt tsiisfabryk, de Waal (mei in snufke Gorter –traach en ûneinich) en it Woudagemaal op ’e Lemmer.
Yn de tolve gedichten (Dam omskriuwt himsels as in ljochtdronken mich) komt de sinne mar leafst acht kear foar, de kleur blau sân kear en gleon fiif kear.
De dichter grypt noch wol werom op it earste skift. Yn ‘Om de lange jierren hjir al west’ herinnerje (…)moal as snie en sie as koeke(…) oan de ‘Monolooch fan de gletsjer’. Mar it is as is de dichter wat fuortdreaun, wat mear op ôfstân liket it wol. Faaks trochdat der (te)folle útlein wurdt
Yn it gedicht ‘Mei de rêch nei ’t appelhôf’ stiet bygelyks in prachtige rigel dy ’t beskriuwt hoe de fiskerman mei syn angel oan it wetter sit: ‘Learzens ha yn reid in kajút, in finster iepene’. Dy’t dan tige útlizzerich folge te wurden troch ‘Troch it plat te wâdzjen bout de fisker syn hûs/yn ’e snilen, dylget de beskutting dy ’t er siket’.Dat docht de poëtyske krêft fan de foargeande rigel foar my ûnderstek. Nettsjinsteande  dat is it twadde skift in geniet om te lêzen.

En oer poëtyske krêft sprutsen. Yn ‘t  tredde skift “Eigen nammen” is dy der by de rûs.
Dam jout de earste waskmasine fan Pake in hast eroatyske lading:

(…)
Hij griep de skodoar beet, ûntbleate
syn earste waskfrou sûnder klompen.

In wite negerin mei rûnom heupen
bealchdûnse op ‘e planken flier.
Nea seach ik syn boerefingers tearder
as oer de sachte wringer fan har lippen.

It wurd ‘sinne’ is ek yn dit skift net fan ’e loft. ‘Wjukken’ likemin.
Yn it oandwaanlike gedicht ‘Foarby Ossensyl’ sit Dam op in simmerske dei yn in roeiboatsje yn ’e Weerribben en giet er yn in flashback werom nei de wintertiid, reedridend yn ’e lijte fan heit ‘mei dat swierige hupke’. In flaach en dan is ’t wer fuort: ‘Ien eachwink: dêr sjoch ik him sinken.’ De dichter giet yn tinzen werom nei de wintertiid, reedridend yn ’e lijte fan heit ‘mei dat swierige hupke’. In flaach en dan is ’t wer fuort: ‘Ien eachwink: dêr sjoch ik him sinken.’
Healwei dit skift hat Dam de famylje besprutsen en komt er mei oaren op it aljemint.
De gedichten oer Kiestra en foar Abe de Vries steane (tafallich?) njonken inoar.
De Vries hat yn 2005 in blomlêzing útbrocht fan de dichter Kiestra (Skielk beart de hjerst, Frysk en Frij). Kiestra  stie polityk foar en yn ’e twadde wrâldoarloch oan ’e ferkearde kant. Dat hoecht gjin ûnderstek te dwaan oan de kwaliteit fan de poëzy en De Vries, kritysk oer krektneamde rol, hat dat ek ûnderkend.
Al tinke/tochten oaren dêr oars oer, sa as Wind yn in besprek fan de blomlêzing oanjoech: ‘De “lytse oarloch” om dizze boeredichter is noch net besljochte.’
Kiestra hat nei de oarloch trouwens ek tajûn dat er de ferkearde kar makke hie.
Kiestra, De Vries en Eppie Dam komme hjir moai byinoar. Harren poëzy hat in soad oerienkomsten. Piter Boersma skreau op ensafh yn in reaksje op de ek troch Abe de Vries gearstalde blomlêzing Het goud op de weg it folgjende:

(…)Wat De Vries docht, is pleitsje foar poëzy dy’t him op it taalmateriaal rjochtet, op de klank en it idioom fan it Frysk. Dêr leit er ek de klam op yn syn eigen poëzy. Dêryn giet er benammen werom nei de wrâld en it lânskip fan syn jeugd, sis mar de Fryske boere- en plattelânswrâld. Syn poëzy hat dêrnêst in sterk serebraal en klassyk karakter. Dy beide aspekten binne ek kenmerkjend foar guon dichters dy’t er yn syn ynlieding nei foaren hellet en dy’t yn ’e blomlêzing rynsk omtinken krije, sa as Douwe Hermans Kiestra en Eppie Dam. Wat Abe de Vries yn syn ynlieding docht, is syn eigen poëtika nei foaren skowe. Hy bedriuwt yn syn ynlieding deagewoan ynterne literatuerpolityk.(…)

Krekt dat rynske yn ’e taal makket dat it Kiestragedicht my fuortdaliks pakt:

Oktober swilet oer de mêden syn blêdsmettich brún,
as swartwurden hea falt in skaad oer de Legeaën

(…)
en wat te tinken fan de lêste twa strofen fan ‘Smokend op ’e Soensterdyk’ (foar Abe de Vries):

(…)
Se sizze dat wa’t smookt mei djippe halen
oan ’t it dobbejaar fan leafde lizze wol.

De lammen bonkje ’t âlde skiep om molke,
en ik blaas fluitsjend âlde dampen út.

Okee,  de kar foar wurden as ‘sinne’, ‘wjukken’, ‘âld’ en ‘stjerren’ en rigels as
(…)
Dappere widdo. Dwerse dame, Klaproas. Flam. Fûl.
En duvels dinkje. Suster fan ‘e deemoed. Twirre.

(…)
kin men fraachtekens bysette. It kontrastearret foar my (al te) bot mei de rikens fan taal yn oare gedichten.
As der lykwols gedichten tsjinoer stean as dy oer Gerald Sibon, betelje ik de priis mei wille. Ik tocht dat Henk van der Veer de master wie en beskriuw minsken op ûnneifolchbere wize (lês syn gedicht oer Jackie Reen mar ris), mar ek hy sil tajaan dat it gedicht ‘Gerald Sibon’ mear as yn ’e roas is mei:

(…)
Wriuw jim de eagen út, ielgledde mantsjes
fan de syntetys griene matte, en sjoch him
dêr stean: dizze treurwylch fan in pylder,
skurve fûgelskrik, de beide takken wiid,
heechstokkich as in linnenrak de skonken.

(…)

elk each dat him de gouden pass jaan sjocht :
akelich op maat mei syn briljante houten poat.

It fjirde skift ‘Ut ‘e ferve’ is in rige gedichten oer/by keunstwurken fan û.o. Rembrandt, Vermeer en Joseph Beuys. Yn dat oer/by sit de útdaging foar elke dichter. Beskriuw ik, omskriuw ik, en wat? It keunstwurk, wat is it, wat docht it (my)? Bliuwt it gedicht ek sûnder in direkte (fisuele) relaasje oerein?
Oer al dat soarte fragen is yn polemyklân al aardich wat skreaun. It gedicht ‘Ut harsels’ by it skilderij ‘Het melkmeisje’ fan Vermeer is prachtich, ik kin net oars sizze en it is in geniet om te lêzen. Ien kear lykwols, om ’e taal. De dichter fyn ik net werom. ‘Ut harsels’ is in prachtige omskriuwing, mar dêr bliuwt it foar my by.
It gedicht by de ‘Geslachte Os’ fan Rembrandt jout lykwols wol wer in djippere emoasje. Yn it tredde diel ‘De hoedster’ wrakselet dy mei it feit dat dêr it karkas hinget fan dat ienris lytse boltsje dat op har fingers omsobbe.

Linend op ‘e ûnderdoar slacht mij de tiid yn é hals
dat my troch de hikke in tonge op ‘e fingers sobbe.
Lyts pyst, molkwyt bollekeal, hoe hurd wie syn kop
de amer ûntgroeid. Ierryp  –  no iepenlein it boarst
dêr’t slachtershannen de knyften yn stutsen. It hert

(…)

Moai enzjambemint ek nochris, al ûntkomt ek dit gedicht net alhiel oan detailomskriuwingen (‘dêr’t slachtershannen de knyften yn stutsen’) dy ’t net folle ekstra’s bringe.

It gedicht by Joseph Beuys’ syn objekt ‘Grabkreuz für Josef Koch’ komt my twadiminsjonaal oer:

(…)
sa hâldt oerein ús dreamen
it krús
earmslach troch de tiid
hout fan heugenis
tinkstien
fan net te ferjitten
ús deaden

Sels it boartsjen mei taal ûntbrekt. Dat Dam dat masterlik kin lit er koart dêrnei wer sjen yn it gedicht nei Lean Adriaans ‘Dood veulen’.

(…)
As wie myn hert fan hout,
sloech in beamstam my
yn elk fan beide skonken,
groubile yn ‘e hoksen
sa akselje de knibbels tsjin.

(…)
No sa, in skift mei meardere gesichten. It trijediminsjonale ûntbrekt hjir en dêr en dat is no ek krekt de falkûle fan ditsoarte gedichten. Sûnder de bylden derby bliuwt net alles oerein. It slagget Dam yn in tal gedichten wol om der in emoasje yn te bringen, mar oan ’e ein fan it skift hie ik wol in gefoel sa as skreaun  yn ‘De tiid út’.

(…)
genôch genôch
en lit it sa bliuwe

It lêste skift hyt ‘Oarmans Fearren’ en befettet oersettingen fan wurk fan ûnder oaren William Blake, Czeslaw Milosz en Lêdo Ivo. Oer oersettingen is altiten wol wat te hottefyljen, safolle minsken, saakkundigen, safolle wurden, safolle mieningen. Ik brân my der net oan.
Yn in oersetprojekt as Wrâld, finster, gedicht (30 Fryske dichters dy harren favorite fers út de wrâldliteratuer oerset hawwe yn ‘t Frysk, en harren kar taljochtsje) bygelyks fyn ‘k it nijsgjirrich en lês oersettingen, mar sa’n skift yn in bondel komt my mear oer as, tsja, hoe eins. By de oersettingen komt it op ’e taal oan en dat is Dam wol tafertroud, mar it stiet yn myn belibjen wat los fan de rêst. Bynammen fan de earste trije skiften.

Dam hat mei Blausucht lykwols in prachtbondel útbrocht. De earste trije skiften stean as in hûs, ik doch neat ôf oan syn kwaliteiten, lit dat helder wêze, mar it komt my oer dat de skiften mei de gedichten oer keunstwurken en de oersetting der wat oan fêstplakt binne. It smyt in tsjokkere bondel op mar mist de krêft dy’t de gedichten wol hawwe kinne yn in oare kontekst. Ik sil Blausucht, lykas Neigeraden it Noarden der noch faak efkes by krije. Mar dan allinne om dy earste trije skiften. En dy djip ynazemje.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *