Teleks: Alex de Jager nije direkteur fan de Afûk

logo.ensafh

Edukatyf ynstitút Afûk yn Ljouwert hat fan 1 febrewaris ôf in nije direkteur. Dat is Alex de Jager. Hy folget Koen Eekma op. De Jager komt fan oarsprong út Fryslân, mar wurket op it stuit as direkteur eksterne betrekkingen en strategysk relaasjebehearder by Hegeskoalle Inholland yn Alkmaar.

Hy hat altyd yn it heger ûnderwiis wurke. Alex de Jager is doktorandus yn de Nederlânske taal- en letterkunde, mei taalkunde as spesjalisaasje.

Boarne: Omrop Fryslân

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *