
parseberjocht — Tongersdeitejûn 20 desimber 2007 wurdt yn it Ferjippingsintrum te Boksum de twadde edysje fan it Henk Kuiper Memorial Skaaktoernoai holden, organisearre troch Utjouwerij Bornmeer, ynternettydskrift Farsk en Akky van der Veer, widdo fan de yn 2005 ferstoarne fotograaf en ‘skaker’ Henk Kuiper.
Fryske skriuwers en dichters – oanfolle mei leden fan de Ljouwerter skaakferiening Philidor – sille it fan 19.30 oere ôf simultaan opnimme tsjin Remco Heite, yn it deistich libben boargemaster fan Weststellingwerf.
Nei it skoft is der in koarte demonstraasje fan de ynteressantste partijen en in ferrassingsoptreden fan in ‘mystery guest’.
Ferdjippingsintrum Slach by Boksum, Oedsmawei 17, 9031 XN Boksum, 058-2159796
[Ynfo: Bornmeer 058 212 8706, Akky van der Veer 058 2541297]