Geart Tigchelaar

Bossa Nova mei út en troch in opspatten

logo.ensafh

Seis jier nei syn lêste dichtbondel Tin is fan Arjan Hut no de kreas fersoarge nijeling Aurora Bossa Nova útkommen. De dichter hat twa eleminten en twa gedichten kombinearre yn ’e titel: it poalljocht en bossanova. Dat lêste is in muzykrjochting dy’t út de samba ûntstien is en troch jazz beynfloede. ‘Bossanova klinkt tige waarm en sensueel, altiten rêstich en noait agressyf’, sa docht Wikipedia te witten. Foar in grut part wier foar de bondel fan Hut, mar hy spat hjir en dêr wolris op. Is dat it poalljocht dat altiten oanwêzich is, mar inkeld earst nachts te merkbiten?
Genôch wiete fingerynterpretaasje earst. Beide eleminten komme nammentlik werom yn it ierapelgedicht mei de titel ‘Ierapel Bossa Nova’, in gedicht dat skreaun is foar it projekt Poetic Potatoes dat foardroegen it bêste ta syn rjocht komt. Op dat foardragen kom ik letter werom. Earst de fermelding dat de bondel bestiet út fiif skiften. It earste gedicht yn de bondel stiet dêr bûten en dat is mei in reden. It is in frije bewurking fan de Amerikaanske skriuwer en dichter Charles Bukowski’s ‘So you want to be a writer’.

as it werklik sa fier is
en ik bin segene
dan komt it
út mysels en it komt en it komt
oant ik stjer of oant it yn my stjert

sa wurket it
en oars net.

(s. 11)

In wier iepeningsgedicht, in wier dichtersmotto. It portret, makke troch Christiaan Kuitwaard, dat der njonken stiet past der presys by, al is it gedicht ‘Der is altyd’, dat as earste gedicht fan it earste skift der fuort nei komt, foar dat portret skreaun.
Sa stiet der noch in tekening yn de bondel en in foto. It gedicht dat by de tekening heart hjit fan ‘Emo’ en haw ik ek al oanhelle yn it fideobesprek. Mar mei’t de rigels sa moai binne, wurdt it hjir wer foar in part sitearre.

en myn hannen fan glês
dy’t ik waskje yn it kâlde wetter
it wetter dêrsto ek yn driuwst
in djip geheim
dyn holle fan glês
do driuwst dêr ek
dêr’t ik myn hannen waskje
in kâlde swarte oseaan.

(s. 16)

It hat wat tsjusters, wat ûnheimysk, mar tagelyk wat leafs troch de werhelling fan it waskjen en it kâlde wetter dêr’t de do-figuer ek yn driuwt. Dat leave komt faker foar yn Aurora Bossa Nova, sa as yn yn it gedicht ‘Aurora’ yn de twa rigels: ‘ik sis: it universum is sa ûnhuerich grut en fier / en dochs ha ik dy sjoen’ (s. 43). It is wier, de earste rigel is wat klisjee-eftich, mar mei de taheakking fan ’e twadde rigel, bin ik dochs om troch de suver weakmeitsjende ienfâld. Dat men mei soks foarsichtich wêze moat, bewiist itselde gedicht. De twa einrigels stige spitigernôch net boppe it klisjee út: ‘wy dogge de earms om mekoar hinne / sa tichteby as wy binne, sa ljocht en sa lyts.’
Yn it gedicht ‘Bang bang (dogge de klokken)’ fine wy inselde leave strofe. Yn dit gedicht komt nammers it eigen lûd dat Hut al yn nachtswimmers (2004) hearre liet werom. Dit gedicht hie samar yn dy bondel stean kinnen. Itselde jildt foar ‘Fûgelskrik’: ‘mazzelpoaten stampfuotten de rein oan diggels / in hoerich seizoen / in tún fol stjerren / dat seagen wy troch ús fingers’ (s. 39). Dy rigels binne wat rauwer, wat skimiger. It bringt de sêft widzjende bossanova yn in wolkomme dissonânsje. In gedicht as ‘Paradys’ hie net misstien yn syn foarige bondel Tin (2010), dêr’t er kwa foarm wat mear yn eksperimintearret.
In echt grutte konstante yn syn oeuvre binne gedichten dy’t as ‘foardrachtsgedichten’ typearre wurde kinne. Dat begjint al mei it earder neamde iepeningsgedicht. Mar der steane mear foardrachtspronkjes yn. Wannear’tst it e-boek oantúchst, kinst alle gedichten ek beharkje en oars kinst nei Hut syn Soundcloud gean. Dat is in wiere oanrieder, benammen om it gedicht ‘Ierapel Bossa Nova’ mei alderhanne ierapelnammen deryn ferwurke te hearren. Mar ek in gedicht as ‘Poeskes’, dêr’t ek yn te hearren falt dat de bossanova yn dizze bondel wolris útsjitte kin.
Hut is fierders in echte observearder. Dat komt werom yn gedichten dy’t harren ôfspylje yn Ljouwert, mar dy’t harren oeral ôfspylje kinne soenen. As men jins earen en eagen mar iepenhâldt en jins fantasij dêrnei de romte jout.

Poeskes

Moarns betiid de sinne skynt al driigje wolken

in ôftakele gast
mei syn ynfallen kop
raast vuile naaier!
nei de doar fan ús buorman
en ferwaait dan
ûnder lange skaden
oarekant de leane

letter fytst er nochris
oer it trottoir foarby
mei in pak kofje stiif
ûnder de earm

VUILE NAAIER!
VUILE NAAIER!

thús hat er in mok
mei wurden derop
foar de kofje net eamelje

en ek in stikkene,
mei poeskes.

(s. 60)

In gedicht as ’Post’ is dêrfoaroer net folle mear as in poëtyske opsomming fan wat Hut sjocht. ‘Underweis nei hûs rinne wy / in frou-mei-ien-earm tsjin it liif / op de mêst fan in strjitlantearne stiet / “Elvis is een lul”’ (s. 37). Bringe sokke gedichten de bondel út it lykwicht of bringt soks gewoan ferskaat yn ’e bondel en jout it blyk fan Hut syn masterskip? It jout hoe dan ek efkes lucht en it binne typyske Hut-gedichten: it observearjende, it yn in pear wurden delsetten fan in byld sûnder heechdravende lyryk. Se stean as in Hut en rinne as in trein. Der slûpt wolris wat partikuliers yn as er oer syn soantsje Iwan dichtet yn it gedicht ‘Mouwen’. In aardichheidsje dat it lang net hellet by gedichten as ‘Brulloft mei kalasjnikovs’ en ‘It famke mei de sinne yn har hier’. Benammen sokke gedichten meitsje de nije Hut o sa de muoite wurdich.

It famke mei de sinne yn har hier

It dak hinget oan de loft
en wachtet op keamers

in dream x in dream =

weagen ferdrinke
yn de atmosfear

in dream : in dream =

as ik ryk bin
dan bisto ek ryk
en as ik earm bin

in dream – in dream =

leafde makket nimmen ryk
fan leafde bekuollet net
de ierde

in dream =

alle kearen asto der bist
bin ik bliid datsto der bist.

(s. 36)

Arjan Hut
Aurora Bossa Nova
Afûk, Ljouwert 2016
ISBN: 9789492176448
Ferkeappriis: € 15,00 (e-boek € 12,50)

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *