
Boekhannel Van der Velde út Ljouwert sil tenei de boeken oan de bibleteken yn Fryslân leverje. De bibleteken krije mei de gearwurking nije boeken earder binnen. Gewoanwei kin it wol trije moannen duorje foar’t nije boeken fia leveransier NBD Biblion yn de bibleteek lizze. Van der Velde keapet de boeken yn foar de bibleteken en lit dizze oanpasse yn de sosjale wurkpleats yn Steenwijk. Dêr krije de boeken ûnder oare in hurd kaft.
Neffens direkteur Ad Peek fan Van der Velde hawwe de boekwinkels en bibleteken inoar hurd nedich om minsken oan it lêzen te hâlden. Van der Velde hat winkels yn Ljouwert, Grins, Snits, Drachten en Dokkum. Takom jier iepenet it bedriuw in boekwinkel yn Harns.