Meindert Reitsma

Literatuer út de njoggentjinde iuw opnij besjoen

logo.ensafh

De lêste jierren ûntstiet der in soad nije belangstelling foar de Fryske literatuer út de njoggentjinde iuw dy’t oantsjutten wurdt mei de term ‘folksskriuwerij’. De ynhâld en kwaliteit fan dy literatuer is lange tiid bekritisearre, benammen troch Douwe Kalma-en-dy, omdat dy net paste yn har idealen foar it Frysk en de literatuer. Yn de literatuerskiednis fan nei de bloeitiid fan de Jongfryske Mienskip wurdt noait echt goed besjoen oft de miening fan Douwe Kalma terjochte wie en ûntbrekke stúdzjes om de teksten yn har tiid te pleatsen. Philippus Breuker skriuwt yn syn boek Brekizers fan de foarútgong – Nut en nocht op doarpen yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu (2017) dit: “It hâldt mei de denigrearjende oantsjutting fan folksskriuwerij foar omtrint alles wat der doe skreaun waard, al gau op.” (s. 8). Breuker syn boek is krekt in weardefolle detailstúdzje om dat byld te feroarjen.
Philippus Breuker is net de iennichste dy’t dwaande is mei it op ’e nij wurdearjen fan skriuwers út dy tiid. Abe de Vries publisearret al langer essays op ynternettydskrift Fers2 oer dit ûnderwerp. Sa lit De Vries yn syn artikel ‘Non-konformisme yn de ‘folksskriuwerij’. It Fryske realisme as emansipaasjeliteratuer’ sjen dat der yn de literatuerskiednis in statysk byld ûntstien is fan ‘folksskriuwerij’ oan de iene en de Jongfriezen oan de oare kant. Syn miening is dan ek dat tenei better de term ‘Frysk realisme’ brûkt wurde kin.1 Yn dat ljocht ferskynde fan syn hân yn 2016 Dan krije ek de fûgels dien, in blomlêzing fan it wurk fan Marten Hepkes Bakker (1848-1927), foarsjoen fan in ynlieding. Sa besiket De Vries om it wurk fan Bakker yn de literêre kanon te krijen. Dit stikje fan Bakker út 1916 lit goed sjen hoe’t er him net fine koe yn de tinkbylden fan de Jongfriezen: “Is in lân fol kouweblomkes, ef binne forjit-my-netsjes yn ’e ûnderwâl, dy’t men ienfâldige blomkes neamt, minder moai as de roas en de leelje, dy’t yn tún ef hôf stean to bloeijen, en hwet mear blinke en bylkje?”2

Yn Brekizers fan de foarútgong stiet it Boazumer lêsselskip Vriendenkring (oprjochte yn 1863) en it wurk dat dêr makke waard sintraal. Dat selskip is eksimplarysk foar oare selskippen yn Fryslân en jout dêrmei in byld fan Fryslân út dy tiid: “It sil bliken dwaan dat Vriendenkring bydroegen hat ta belangrike feroaringen yn de doarpskultuer. It doarp waard frysksinnich, it modernisearre en it selskip fungearre as in brekizer fan de foarútgong. Selskippen as Vriendenkring hawwe de grûnslach lein fan de Fryske kultuer sa’t lettere generaasjes dy belibje.” (s. 8).

__________________
1 Vries, A. de (2015). ‘Non-konformisme yn de ‘folksskriuwerij’. It Fryske realisme as
emansipaasjeliteratuer’. Fers2, 26 april 2015. http://www.fers2.eu/essee9-260415-abedevries.html
2 Bakker, M. H. (1916). ‘Oan D. Kalma’. Sljucht en Rjucht, 27 (45), 536-538.

Om dy feroaringen sjen te litten giet Breuker earst yn op it njoggentjinde-iuwske literêre libben op doarpen yn selskipsferbân. Dêrnei giet er yn op Vriendenkring, dêr’t er ek biografyen jout fan de grutte manlju fan it selskip: Auke Ykema (1836-1904), Sybrand van der Steegh (1856-1910), Sjirk Linses van der Burg (1863-1932), Jan Linses van der Burg (1964-1905) en Johannes Henricus Regenbogen (1863-1933). Benammen de wiidweidige biografy fan de foar my ûnbekende Auke Ykema is weardefol. It grutste part fan it boek bestiet lykwols út in blomlêzing fan it wurk fan Ykema, Sjirk Linses van der Burg en Regenbogen.

It ûndersyk yn it nije boek fan Breuker giet net sa djip as yn syn grutte stúdzje Opkomst en bloei van het Fries nationalisme 1740-1875 (2014), mar likegoed behannelet er nijsgjirrige aspekten. Dat der op doarpen yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw safolle selskippen foar nut en nocht opkomme, kin sjoen wurde yn it ljocht fan ferskate ûntwikkelingen. Yn it foarste plak is it net los te sjen fan de opkommende ferpyldering. Dêrneist sloech de beskaving ta en wie der mear ferlet fan ferdivedaasje, wat ek past by de Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen. Breuker skriuwt it ek ta oan de opkomst fan it liberalisme yn brede lagen fan de befolking, it wie de tiid fan de emansipaasje fan de gewoane doarpslju, wat ek in groeiend stânsferskil mei him meibrocht. Sa rekke ien as Auke Ykema, net in type gelearde, oan it skriuwen. As lêste foarmen de selskippen in alternatyf tsjin de iuwenâlde macht fan de tsjerke en de byhearrende ortodoksy. Sa wiene de leden fan Vriendenkring foarútstribjende lju en sjocht men yn har wurk dy striid tsjin de tsjerke wer werom.
Breuker lit sjen dat boppesteande ûntwikkelingen ek plakfûn hawwe by Vriendenkring. Yn de begjinjierren wie it selskip in machtsfaktor fan belang, mar letter waard de opposysje mei de ortodoksy minder en waard it fan groep fan modernisearring in ynstrumint fan de frijsinnichheid. Dêr’t it selskip ek in grutte rol yn spile hat, is yn it frysksinnich wurden fan Boazum. Yn neifolging fan manlju as de Halbertsma’s en Waling Dykstra hie Vriendenkring in soad omtinken foar de Fryske taal, seden en skiednis. Grutte belangstelling wie der foar it romrofte ferline fan Fryslân, wat útwurke waard yn ûnder oare sêgen, mearkes en histoaryske ferhalen. Sa waard it Frysk diel fan de identiteit fan de gewoane Fries.
It wurk út de blomlêzing is bedoeld om foar te dragen, wat makket dat it karakter fan de teksten oars is as de hjoeddeiske literatuer. Yn de njoggentjinde iuw stie de foardracht foarop, wylst letter it yndividuele lêzen opkaam. Sa’n yngripende feroaring hat gefolgen foar de ynhâld fan literatuer. By it foardragen is de foardrager in soarte magiër, dy’t syn tahearders meinimt in ferhaal yn. Dat freget om spesifike skaaimerken foar in tekst, sa’t bliken dwaan sil.
Breuker syn analyze is nijsgjirrich. Sa skriuwt er dat it toanielspyljen op doarpen net begûn is by Waling Dykstra en Tjibbe Gearts van der Meulen mei har Winterjûnenocht, mar dat sy ûnderdiel binne fan in langere tradysje en dat se ynsprongen op in ferlet. Wat wol nij wie, is dat se har foardrachten yn it Frysk diene.
Lykwols fyn ik dat Breuker soms in bytsje te koart troch de bocht giet. Sa neamt er Wumkes dy’t ferskillende soarten Fryske skriuwers klassifisearret. Onno Sytstra is by Wumkes bygelyks moralisearjend en Cornelis Wielsma humoristysk. Breuker skriuwt dan: “Der is op Wumkes syn klassifisearring oars wol wat ôf te tingjen.” (s. 54). Ik bin dan wol benijd wat dat krekt is.

Auke Ykema wie de spilfiguer fan Vriendenkring. Syn literêre neilittenskip en bibleteek is bewarre bleaun. Breuker hat dat ûndersocht en sketst dêrmei in byld fan Ykema. Ykema wie in frijsinnich en kritysk man, dy’t goed op de hichte wie fan de maatskiplike ûntwikkelingen. Hy libbe foar de literatuer en hie grutte niget oan taal. Hy sette ek in soad oer, sa giet de famylje-oerlevering dat er Shakespeare folslein oersetten hat. It wurk fan Ykema is yn de styl fan Waling Dykstra, dus benammen gelegenheidswurk: “Ykema syn wurk is ek libben fan toan, it rint flot en is faak wol humoristysk, mar gauris dochs ek kritysk op dingen dy’t him net oanstienen of spotsk oer lju.” (s. 74). Neffens Breuker ferskilt Ykema fan Dykstra omdat er net moralisearret en omdat er mear printsjes út it famyljelibben jout, en net út it folkslibben, sa as Dykstra.
Yn de blomlêzing wurde alle teksten koart ynlaat troch Breuker, om sa wat kontekst te jaan. Sa binne de teksten fan Ykema gauris ynspirearre op teksten út boeken en tydskriften of op foarfallen dy’t er sels meimakke hat of dêr’t er fan heard hat. Untwikkelingen yn de maatskippij krigen har beslach yn de literatuer. Breuker: “Ien mei gesach moast dêr in wurdsje fan sizze. Dan pas krige de saak de oandacht dy’t it fertsjinne. Dat wie de funksje fan literatuer.” (s. 141). Sa is de literatuer de spegel fan de maatskippij.
Ykema syn belutsenheid by de maatskippij blykt ûnder oare út it rymstik ‘Opdat it net slimmer wurdt’ oer kening Willem III en minsken dy’t har as kening gedrage. Dêrneist jout er ek in goed ynsjoch yn de rjochtingestriid yn de tsjerke. Dit foarbyld komt út ‘Hoe’t in trijetal yn de fakatuere fan in dûmny keazen waard en in harkkommisje beneamd’:

“Dêrnei gûn Rein. Ik tochte sa,
Wat in geharrewar
Kin men yn in gemeente ha,
Sa om in domeny mar.
Dat skelt en flokt en dat ferdomt
En is foar alles dôf.
As dêr soms stichting, heil troch komt,
En ienheid yn ’t geloof?” (s. 144).

De teksten besteane út technyske aspekten dy’t it gaadlik meitsje om foar te dragen, mar dy’t by it lêzen net bot effektyf binne. Men moat dan yn de achterholle hâlde dat de funksje fan literatuer oars wie en dat it net mei hjoeddeiske mjitstêven besjoen wurde kin. Ykema brûkt yn hast al syn teksten de alwittende ferteller, dy’t ek gauris yn de tekst ynbrekt: “Mear sil ik hjir net by dwaan, hearders (lêzers), ik ha de droom werjûn sa ik him droomde en sa goed sa kwea ’er my de folgjende dei ûnthâlden wie. Hat it jimme wat foldien, dan hat myn dromen doch net alheel om ’e nocht west.” (s. 170).
Mear as ien ferhaal hat deselde opbou, wat je op ’t lêst wol besjoen hawwe. Gauris sit in groep minsken by inoar, yn bygelyks de opkeamer, dêr’t de personaazjes om bar in ferhaal fertelle en dêr kommentaar op leverje. Dat sjocht men ek yn it wurk fan Regenbogen. Yn ‘It spoek fan ’e Lytsemar’ fan Ykema wurde earst alle personaazjes foarsteld, wat net bot nijsgjirrich is, mar wat by it foardragen grif wurke hat. Dan rjochtet de alwittende ferteller him op it petear tusken de personaazjes: “No binne wy de rûnte al arich om west, en wolle it hjirby litte, en harkje ris, wat hja sa al net ûnderinoar ferkrantsje en beprate.” (s. 211). As lêste technysk aspekt soe ik it brûken fan it foarnamwurd ‘wy’ neame wolle. Dat makket fan de hearders of lêzers ien groep en soarget foar in mienskiplik gefoel.
It stik ‘Twa brieven’ dat Ykema ferfryske hat, springt wat my oanbelanget boppe alles út. It bestiet út in brief fan de sinne oan de moanne en ien fan de ierde oan de sinne. Dat slút oan by de yn dy tiid populêre imazjinêre reizen. Krekt dat makket it foar my nijsgjirrich, it stiicht boppe it deistige út. Der wurdt in soad krityk op it minskdom jûn, de ierde wurdt misbrûkt en delsetten as in âld, griis, rûnrêgich wyfke. Wat te tinken fan sa’n sitaat: “In wonder soadsje is my dat, dy ierdberntsjes.” (s. 165).

Noch mear as by Ykema giet it wurk fan Sjirk Linses van der Burg en Johannes Regenbogen oer in dreamde wrâld en dan benammen de âlde Fryske wrâld, dy’t betsjoenend wurket. Neffens Breuker hat foaral Piter Jelles Troelstra mei syn romantysk tinken ynfloed hân op Van der Burg (s. 84-86). De styl fan Van der Burg is dan ek gauris bombastysk: “Lang om let komt de dei oan de loft. Wolkom, trijeris wolkom! Hearlik, fol gluorre en glâns giet de sinne efter it bolwurk omhegens en smyt syn gouden strielen troch de lytsje rútsjes. De loft is fol dage, frede op ierde, ek yn de klinte.” (s. 270).
Yn it lange ferhaal ‘De fûgeljûn’ fan Regenbogen giet it oer it folkslibben út eardere tiden. Sa meitsje guon personaazjes in reis nei it ferline troch nei in museum te gean. Dêrneist giet it oer it poëtyske Aldfrysk en de frije Friezen. It ferhaal rint út yn in dream, letterlik.

Sa hat Vriendenkring bydroegen oan in nije Fryske identiteit, dêr’t literatuer in grutte rol yn spile hat en noch altyd spilet. Yn Brekizers fan de foarútgong hat Breuker in tige nijsgjirrich ferslach levere fan in stikje fan de Fryske literatuer út de njoggentjinde iuw. It is in goede bydrage yn de diskusje om it op ’e nij wurdearjen fan de ‘folksskriuwerij’ hinne. Hooplik wurdt it wurk fan Abe de Vries ek noch ris bondele. Ien fraach bliuwt foar my oan de ein noch iepen: wêrom is it wurk fan Vriendenkring gjin ‘folksskriuwerij’? Dêr hat Breuker (noch) gjin antwurd op jûn, mar faaks komt dat noch. Dat hie it krekt wat spannender makke, mar it bestudearjen en lêzen fan wurk út de njoggentjinde iuw is absolút de muoite wurdich.

Philippus Breuker
Brekizers fan de foarútgong – Nut en nocht op doarpen yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu
Utjouwerij Grotesk, Amsterdam, 2017
ISBN: 9789082576238
Ferkeappriis: € 19,50

1 reaksjes op “Literatuer út de njoggentjinde iuw opnij besjoen

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *