Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 3.2

logo.ensafh

– De VOC, ferfette Van der Balk, wie net in steatsbedriuw mar in kommersjeel bedriuw. De wiere gruttens fan Nederlân siet him net yn in kommersjele ûndernimming dy’t har wjergaders ek yn oare westerske lannen wol hie. Nee, de wiere gruttens sit him doch yn de skilderkeunst, de literatuer en de kombinaasje fan beide. Dyselde frije tinkers dy’t sa narre waarden ha de bysûnderste boeken skreaun. It is de tiid fan Hals en Rembrand, Vermeer en Van der Venne, Coornhert en Spiegel, Huygens en Bredero.

Van der Balk wie no syn Kalashnikov oan it ynpakken. Desiderius twifele efkes oft dit wol in gaadlik momint wie om Van der Balk noch mear te fuorjen. Hy betocht dat it wapen ûngeladen wêze moast dat hy weage it derop.

– Ja, sei er, hok fantastyske bloei fan ús joadsk-kristlike kultuer.

– Neat gjin joadsk, balte Van der Balk, ús kultuer is inkeld joadsk foar sa fier as der in protte joadsk yn it kristendom sit. Mar los fan it kristendom hat de joadske kultuer gjin inkelde ynfloed op ús hân, likefolle hoefolle Joaden hjir ek hinne flechte binne. Dy flechtjoaden ha in protte kultuer meinommen, mar net in aparte Joadske draai oan ús kultuer jûn. Se hiene nammers ek gjin status en waarden earder diskriminearre as neifolge. Nee, ús kultuer is kristlik-klassyk. De hiele bloei yn Europa fan de 15e ieu ôf fynt plak ûnder ynfloed fan ’e klassiken, dat wol sizze Gryksk-Romeinske skriuwers dy’t werûntdutsen, oerset wurde. Alle frijheid fan geast, alle wittenskiplike ynteresse komt dêrwei. Wat is minsklike wiisheid en wittenskip foar in kristen? Neat. Lês mar wat de bibel seit oer minskene wiisheid nêst dy fan God. By de Griken en de Romeinen wie de wize man lykwols sels hast in healgod. De Griken en Romeinen leauden ek dat in minske oan himsels wurkje koe. Ik soe der sels wol oan wolle dat it protestantisme sels it risseltaat is fan de moeting fan de kristlike kultuer mei de klassike.

– Hoe dat sa?

– In beslissend ferskil tusken katolisisme en protestantisme is dat de prystermacht by de protestanten en by de klassiken folle lytser is as by de katoliken. Dat makket in gruttere geastlike frijheid mooglik by de protestanten.

– Mar dêr wiest niis sa op om oan it skellen.

– Neffens absolute mjitstêven, ja. En omdat de skanddieden ferhimmele wurde troch allerhanne befoaroardielde histoarisy en literatuerûndersikers. Mar yn ferliking mei katolike lannen wie it yn protestantse lannen better: je kinne ommers better fuortjage of ûntslein wurde as dat je ferbaarnd wurde.

– In reden foar tankberens, sei Desiderius.

Van der Balk seach him efkes mistrouwich oan. Desiderius tocht by himsels dat Vander Balk doch wol in grutte ôfkear fan it kristendom ha moast om sa tsjin dy goedwilligen te kear te gean. Wat wie Van der Balk syn eigen geheime aginda. Evolúsjelear? In kristlike omrop soe der goed oan dwaan om alle referinsjes nei sa’n ûnbewiisde teory út syn natuerfilms te skrassen: in minske moast foar alles ûnbefoaroerdield wêze en it ûnbekende mei iepen fizier temjitte trede. Of soe Van der Balk graach oan in geheime ferslaving tajaan en hindere religy him dêrby? Religy stelt grinzen. It yndividu wol almacht. Religy wiist it yndividu ommers op it belang fan persoanlike beheining en it frijheidsleavjend yndividu wol no krekt alle beheinings opheffe. Mei it gefaar dat it yndividu slaaf fan ien of oare dominante ferslaving wurdt: pillen, paddestuollen, mieningitis, alkohol, kranten, hasj of tillevyzje.
 

In fleurich petear makket licht wurk, sa’t it sprekwurd seit, en ek dat moaie wurden as helpende hannen binne. Alsa hiene de 12 mannen al gau har plonjesek ynpakt, en wiene ree om fuort.
 

It wie tsjuster, in gaadlike wrâldtastân foar militêre en oare operaasjes dy’t gjin deiljocht fan sinne en rede ferneare kinne. Desiderius tocht by himsels, se wiene nijbakte rekruten, yn meardere betsjuttings fan it wurd nijbakt. Dêr hie de oranjekoeke sines ta dien en de dêrop folgjende jimmeroan oanwaaksende ûntwikkeling fan ’e harsens en tinkrefleksen. Wie dit net de skiednis fan it minskdom. De aap mei syn groeiende hersenynhâld? Fan 800 centiliter nei mear as 1800. Yn in koart tiidsbestek, evolusjonêr besjoen, as dy religy tenminsten sizzenskrêft hie. Fia de picehantropis, austropekinees, de sinamanuensis, de neandertaler mei syn swiere bonken, dat in fersin west hie fan mem natoer, en no de cro magnon ofwol homo sapiens. En soe dat it einpunt wêze op ’e brêge fan aap nei god? It woe Desiderius amper oan. Wie dit net beskaving? Dy machtige fleanmasine, dy plonjesek mei dat wûnder fan technyk: de Kalashnikov. Nee, it stie net yn bestân. De minske wie in suksesfol eksperimint. Dêrom wiene der ek safolle minsken, likefolle minsken as sprinkhoannen, apelwjirmen, neven en grienteslinende slakken, om mar in pear oare suksesnûmers fan Mem Natoer te neamen.
 

Se klommen knaphandich by de legertrep op en dûkten de ien nei de oar it behindige fleantúch yn. Dêr sieten de 12 seis oan seis tsjinoer inoar yn in tsjustere romte, as wylden yn in grot, wylst de ljochten fan ’e cockpit dêr’t de bestjoerder tahold skaden op de wanden tekene. Wat in riedsel. Wa sieten dêr? Wa wiene it?

[wurdt hjir fuortset]

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *