Jelma Knol

Besprek Beart Oosterhaven, ‘Koarde fan ’e tiid’

logo.ensafh

Koarde fan ’e tiid is de tredde dichtbondel fan Beart Oosterhaven. Yn fjouwer skiften wurdt de lêzer gâns tinkfoer oanrikt. De titels litte al sjen dat der in beskate opbou yn de bondel sit. Fearren stowe út it gedicht ‘Wyt’ ferwiist nei de dea, Dy ruostpûkelige wachters giet fral om it feroarjende lânskip om it hûs fan de dichter hinne wat ek in foarm fan stjerren is, Tûken biede skûl út de haikû biedt de suggestje fan treast en beskerming dy’t yn de natoer socht wurde kin. Kaai nei de Haadwei befettet oersettings fan lieten fan ûnder mear Leonard Cohen, nei de muzyk en teksten fan betûfte singers/songwriters, miskien wol de grutste leafde fan Oosterhaven.

De wearde fan dizze bondel sit him yn de goed trochtochte gearhing fan benammen de syklus fan fyftjin fersen mei de titel Dy ruostpûkelige wachters oer it fersuterjende boerelânskip. It griene rioel of de lânskipspine, sa’t dat op ’t heden hyt, is hjir it ûnderwerp. It is sympatyk dat de dichter sa’n aktueel en wichtich maatskiplik ferskynsel by de kop nimt. Dat ûnderwerp komt ek yn de oare fersen oan de oarder (útsein de lietteksten). Yn de meast frije fersen oerhearsket de sfear fan de hjerst, de natoer, it sjen nei it lânskip, de dea dy’t him op ferskillende wizen oankundiget, it ferglydzjen fan de tiid en noch in pear fan sokke saken. De bêste gedichten binne natoerympresjes dy’t op in subtile wize alliterearje: bg. ‘Novimber, Idzegea’ of in klassike haikû:

Beamsleat fol einen
Jagers misse hjoed har doel
Tûken biede skûl

De muzyk komt ek in pear kear oan bar. ‘Middernacht’ is in sober, doeltreffend fers mei de blues as ûnderwerp. Foar wa’t in bytsje bekend is mei de muzyk, binne der gâns subtile oanwizings yn dizze fersen te finen. Yn ‘By de dea fan Fêdde Bos’ komt earst de bombastyske oargelsymfony fan Saint-Saëns foarby en yn de tredde strofe Yvonne Keeley (sjongende suster fan Patricia Paay, foar wa’t dy tiid net meimakke hat, se hie in megahit mei ‘If I had wurds’, op de meldy fan de neamde oargelsymfony).

Op side 11 stiet in poëtikaal fers mei de titel ‘It skrassen’. Oosterhaven ferliket it dichtsjen mei skilderjen, in proses dêr’t jo sa út en troch by weirinne moatte om de ferve drûgje te litten.

Wylst inket
Drûget
Bringe nije bylden
Rigels
Twivels oan

Kreas ferwurde, kompakt formulearre; doch my mar mear fan dizze poëzy. It is in moaie ôfsluting fan it earste skift, foardat de syklus Dy ruostpûkelige wachters begjint.

Oosterhaven hie oars om my wolris wat mear skrasse mocht. Soms fernielt er in gedicht folslein (‘Keare’) mei te prekerige konklúzjes yn rigels as: ‘wansmaaklik ûndernimmerskip yn ’e Westergoasône’ en ‘wa minske mocht sà út ’e romte tarre en stâl yn fyftjin jier dit lânskip fol? Wa minske kéárde dyselde net?’

Moaie taalfynsten sitte der wiswier yn dizze nijste dichtbondel fan Beart Oosterhaven. Ik telde nije, byldzjende wurden en bysûndere kombinaasjes lykas ruostpûkelige wachters (foar wynmûnen), Aldlânsboer, Stynsk weet (foar mais), mar dat is in âlde, tsjintwurdich ûnbekende útdrukking. En dat jout daliks ek al wer de tragyk fan it hjoeddeistige Frysk oan: jo moatte it wurdboek derby hawwe as jo in dichtbondel lêze.

Oosterhaven hat nettsjinsteande dat in tagonklike bondel ôflevere, mei dêryn as taheakke in tal fan syn meast slagge lietoersettings. Dy lit ik yn dit besprek fierders lizze. De fersoarging fan it boek is treflik. Jelle F. Post hat wer in bysûnder omkaft makke, mei it wurd tiid yn in tekstylachtige of miskien wol klaaiachtige substânsje op moaie wize ferwurke op de foarside. Wa’t der langer nei sjocht, sjocht der hieltyd mear yn. De ‘koarde’ suggerearret dat it op de achterkant trochgiet, mar tagelyk soest de tinkbyldige koarde ek loslûke kinne. Kinst dy der ek mei ophingje. Sis it mar. It past wol by de mankelike sfear fan Oosterhaven syn poëzy.

Beart Oosterhaven
Koarde fan ‘e tiid
Hispel, Loenen aan de Vecht, 2017
ISBN/EAN 9789074516266
Ferkeappriis: € 12,00

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *