
12:00-13:00: Programma mei optredens fan Eeltsje Hettinga, Lotte Lentes en Vrouwkje Tuinman tidens in hearlike lunsj. Fierder û.o. de muzikale meiwurking fan it Prins Claus Conservatorium.
Plak en tiid: De Harmonie, Ljouwert om 12.00 oere
Priis € 14,50 (ynkl. lunsj) Giet net troch. Te min oanmeldings.
Foar de literêre histoarje:
Op 12 oktober 1968 waard troch de dichterstelefoan ‘Operaesje Fers’ in twatalige (Frysk/Nederlânsk) bondel poëzy op it boekebal yn Drachten ferkocht – namme ‘Broadtsje Healom’-‘Broodje Halfom’.
Meiwurkjende dichters wiene:
Meindert Bylsma, Josse de Haan, R.R. van der Leest (yn 2 talen), Pier van Dijk en Remco Heite.
Der waarden op dy jûn in 135 eksimplaren ferkocht.
In wike letter yn Ljouwert op de Lange Piip nochris 115 stiks. De Fersen stiene ek op de Poëzytelefoan.
Koste grif gjin 14,50 entree, doe.
It Boekebal yn De Lawei wie frij, en it boekje ‘Broadtsje Healom’ koste fiif gûne + hântekening fan de skriuwers.
Aardich oan ‘e priis Josse.
Foar 5 goune yn 1968 hiene jo yn 2018 oan sa’n 22 euro boadskippen dwaan kind.
Meidat de Provinsje ‘Operaesje Fers’ net stypje woe yn it begjin – Ljouwert kaam wol oer de brêge – moasten wysels ynkomsten generearje om de 10 telefoanlinen te beteljen. Der skillen 1000-den poëzyfretters.
De boekebalbesikers fûnen it hele idee fan de telepoëzy prachtich en betellen graach wat om te stypjen. Boppedat wie it boekebal in feest en fergeaten se de sprekwurdlike krinterichheid – de poëzy joech de lju wjukken Eddy…
It wie gjin krityk Josse…
Ik woe allinich mar even oanjaan dat 5 goune yn 1968 mear wie dan 14.50 euro no.
Dat de poëzy yn dy tiden mear libbe ûnder de Friezen leau ik direkt.
Dat jo 14,50 euro betelje moatte foar wat grapjassen en in lunsj is bespotlik.
It kin fansels ek in Broadsje Aap ferhaal wêze.
It falt foar de besikers ek noch mar ris te hoopjen dat de lunsj net troch it Afûk wurdt fersoarge
De yntree foar it Boekebal yn De Lawij wie frij – dit boekje koene de lju keapje, it wie net ferplicht. Dochs ferkochten wy yn ien wike 250 eksimplaren. Dat wie foar Operaesje Fers in moaie opstekker.
Ik bin trouwens noch fan betinken dat in boek (je) wol wat kostje mei, en dat skriuwers in beleanning ha moatte. It is hjoed de dei in oanfluiting wat skriuwers krije. As de Harmonie fan dat yntreejild de dichters betellet is dat yn oarder.
Wy meije dochs oannimme dat der in relaasje bestiet tusken wat de Dichters prestearre en wat de minsken der foar betelje wolle…?
At jo (Algemien) in boek of in bondel skriuwe wêr’t heechút in pear hûndert fan ferkocht wurde dan meij de skriuwer/skriuwster neffens my ek wol ris yn ‘e spegel sjen.
It is hjoeddedei sa dat sûnder stipe fan ‘e provinsje oft oaren der hast gjin boeken ferskine soenen.
Dat der sels Fryske skriuwers binne dy’t 10.000 oft mear euro fan it Letteren Fûns krije is iets wêr’t sy net oer te kleien hawwe..Alhiel net!
At Fryske skriuwers eamelje oer jild is dat harren eigen skuld. Moatte sy mar better skriuwe. Elkoar de himmel wat yn prizige sjit ek net op Josse!
De Fryske skriuwers hawwe de realiteit al lang lyn út it each ferlern. Der is gjin belangstelling foar. Sa is it net oars! Wol de mantsjes úthingje fansels!
De Fryske skriuwers wurde keunstmjittig yn libben holden. Op eigen krêft slagget harren dat net mear.
En dan ek noch eamelje oer te min jild fertsjinje Josse?
It Fryske taalgebiet is lyts – de lju lêze minder – de Pee-aaR foar Fryske boeken hat 23 jier ûnder de mjitte west (oersettings, etc.) – oeral yn Europa rint it lêzen werom – de lju lêze op byldskerms, ensfh.
Ik bin it mei dy iens dat de kwaliteit fan Fryske romans en dichtbondels omheech kin. Men doart gjin echte krityk mear te leverjen. Wat yn de LC ferskynt oan s.n. besprekken is om te janken sa min.
Facebook en oare blogs tsjinje as applausmasines. Dêr wurdst as skriuwer dus net better fan.
Ik haw de roman fan Willem Schoorstra besprutsen op De Moanne, en dêr hast in boek dat sa meidwaan kin yn de Nederlânske en Europeeske literêre wrâld. Mar it moat wol even ferkocht wurde.
Sorry Josse, ik hie lêst fan myn autisme. Ik kin dan ‘wat’ ferkeard út de sloffe sjitte. At ik iets net snap slaan ik op tilt. Mei it âlder wurden wurdt it spitigernôch ek nog slimmer. Myn ekskuses.
Dochs. At de nije roman fan Schoorstra sa goed is, wêrom wurdt it dan net yn it Nederlânsk of Ingelsk oersetten? Ik haw it noch net lêzen, mar at ik mei jo iens bin dan wol ik it wol fergees nei it Ingelsk oersette.
‘Pier’ wie foar my in tsjinfaller.
Mar, Schoorstra kin dochs sels wol it ferhaal nei it Nederlânsk oersette?
Ik haw it idee dat in Fryske skriuwer fan miening is, dat at er yn Fryslân ta de top rekkene wurdt it, hy it fierder wol goed fynt. Dat is spitich. Der is mear yn it libben dan de ‘Rink’ of de ‘Gysbert.’
At ien werklik goed is, besykje it dan ris oer de grêns. It soe foar de Fryske taal in grutte opstekker wêze at er súkses behelle wurdt.
‘De triennen fan Cheetah’ soe neffens my yn it Ingelsk en Dútsk ek grutte kânsen haw. Mar nee, fiersten te folle in ôfwachtsjende hâlding. At jo fan betinken binne dat jo goed trommelje kinne moatte jo wil op ‘e trommel slaan. Oars heart net ien jo. Ja it kostet jild en salang’t Sietske op ‘e stoel fan ‘e ‘Taal’ sit hoege wy dêr neat fan te ferwachtsjen. Mar der moat wol wat barre wol de Fryske literatuer wer by de wâl opklauterje. At it de potinsje hat dan moatte wy nei oplossings sykje. Mear selsbetrouwen en de bealch der foar! Ien dy’t wachtet komt net foarút.
Folslein mei iens! Oersette, oersette en nochris oersette.
Ensafh. komt ein dizze moanne mei in Baskysk nûmer. Dêryn kin lêzen wurde hoe’t de Basken it nei de diktatuer oanpakt hawwe (nei 1975):
1. in oersetskoalle oprjochte –
2. doe oersettings makke nei Spaansk, Frânsk, Ingelsk en mear talen.
Guon skriuwers binne yn 20 en mear talen oeresetten – romans, jeugd- en berneboeken.
Dat der minder boeken ferkocht wurde hjoeddedei is trouwens net wier.
Bygelyks wurde der yn ‘e Feriene Steaten yn 2010 sa’n 750 miljoen boeken ferkocht wiilst dat yn 2005 sa’n 600 miljoen wiene.
Yn 2010 wie der ek noch sprake fan krisis.
E-boeken wurde net iens mei telt. 9%heger.
It is wol sa dat non-fictie mear ferkocht wurdt dan fictie. Dêr’sit wol de klad wat yn. Ek boeken foar de jongerein ferkeapje goed.
Wennen wy mar yn ‘t Baskelân!
De Friezen binne in nuver folk.
Grutsk sûnder der grutsk op te wêzen