
Op tongersdei 31 jannewaris 2008 wurdt foar de njoggende kear de Nasjonale Gedichtedei hâlden. Rûnom yn it lân gûnzet it dan fan aktiviteiten mei poëzij. Yn Fryslân is op dy dei in Poëzij-Alvestêdetocht. Yn alle alve stêden wurde ferspraat oer de dei poëzijoptredens organisearre mei dichters, minsken dy’t har favoryt fers foardrage, leafhawwers dy’t fertelle wat har boeit yn poëzij, muzyk en sa mear.
Oan tolve dichters út Fryslân is frege om yn opdracht fan Tresoar in ‘trajektfers’ te skriuwen. Sa’n trajektfers hat op ien of oare wize te krijen mei in trajekt fan de Alvestêdetocht. It sil foardroegen wurde op it plak fan oankomst fan it trajekt dêr’t it om giet. Oan de ein fan de dei wurde alle gedichten hjir op Farsk publisearre. Inkelde dichters dy’t meidogge binne de stedsdichters Derwent Christmas, Henk van der Veer en Akke Brouwer fan respektivelik Ljouwert, Snits en Dokkum; Jelle Kaspersma yn Starum en Maria de Groot út Wâldsein yn Drylts. Tsjêbbe Hettinga tekenet foar it ‘finishfers’. Alle dichters binne útsocht yn oerlis mei de pleatselike organisaasje.
De Poëzij-Alvestêdetocht begjint de moarns ûnder it Poëzieontbijt yn De Harmonie. It startskot wurdt jûn troch Wiebe Wieling, de nije foarsitter fan de feriening ‘De Friesche Elf Steden’. Omrop Fryslân Radio sil de dei troch fan de optredens ferslach dwaan.
De dei wurdt organisearre troch lokale komitees; de koördinaasje is yn hannen fan Tresoar. Mear ynformaasje is te finen yn de Aginda op Tresoar.