
Ferline wike ha we nei de iepening fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 west. Om’t we suver ûnder de yndruk wiene fan de foarnommen ferkearsmaatregels yn Ljouwert betochten we dat we fan Snits ôf mar better mei ’t spoar reizgje kinne soene. Wy ha thús efter de kompjûter de kaartsjes regele. Dat wie ek mar goed, want oars wiene we om’t it kâlder en wieter wie as we ferwachte hiene, faaks ek noch thús bleaun. We reizgen dus mei ’t spoar en doe’t we yn ’e trein sieten, betocht ik dat it skoften lyn wie, dat ik foar it lêst sa fan Snits nei Ljouwert reizge. Dat sil wol sa lang lyn west ha, dat reizgjen mei’t spoar noch gewoan taalgebrûk wie. Dat seit no net ien mear. Wy reizgje hjoed-de-dei mei de trein.
Lês fierder by It Nijs