
Abe de Vries meldet op syn Facebookside: ‘Dizze minsken – Dykstra, Jellema, Huisman – hearre net by SisTsiis thús. Op de lêste gearkomste binne guon nei in lyts kertierke lilk opstapt om’t de eksplisyt anty-nasjonalistyske aginda fan SisTsiis har net befoel.’
Earder hie It Nijs in berjocht oer in aksje fan Sis Tsiis by de iepening fan Lân fan Taal. Guon fan boppeneamde nammen diene mei oan dizze aksje.
Sis Tsiis is in ‘boargeraksjegroep dy’t kampanje fiert foar goed ûnderwiis yn de Fryske taal.’