
De trein spoart op tiid. Yn de kûpee slûgje wat lette studinten, de measte reizgers sitte lykwols oan´e grize kant fan it bestean. In frou – krekt ynstapt – stoartelet as hikkesluter yn de al wer ridende trein troch de kûpee. Pûstend blaast se it steile ponyhier omheech. Bliid mei in plakje oan it gongpaad freget se, in bytsje stammerjend, fatsoenlik om romte. It op in mobyltsje stoareagjende famke by it rút heisteret opstannich har tas oan ‘e kant. Suchtsjend ploft de frou del. Op ‘e skoat omklamje har mûtele hantsjes in grutte hântas.
De konduktrise komt der oan. Kaartsjes en paskes ferskine út bûsen en tassen.
Oan de frou mei it ponyhier freget se: ‘Mei ik jo ferfierbewiis ek even sjen?’
‘B-bertebewiis?’ stammeret dy licht yn panyk.
Lês fierder by Wobbe Atsma