Piter Boersma

It Fryske literêre libben (2): It paad fan de Moanne

logo.ensafh

It tydskrift de Moanne is fuortkommen út Trotwaer. Wie der earst in literêr tydskrift, no is der – sa’t it yn it kolofon omskreaun wurdt  – it ‘algemien-kultureel opinyblêd (mei Trotwaer, literêr tydskrift sûnt 1969)’. Wêrom’t dat lêste, tusken heakjes pleatste, der noch by stiet? It sil wêze om it histoarysk bewustwêzen fan de lêzers yn stân te hâlden en om de bûtenwrâld net út it each ferlieze te litten of der sels fan te oertsjûgjen dat de literatuer ta de kearn fan it blêd heart. Mar ja, út hoe’t it blêd oantsjut wurdt kin allinne mar opmakke wurde dat de literatuer de ûnderlizzende partij wurden is.

Foar de Fryske literatuer is it spitich dat yn de Moanne no minder siden oan Fryske literatuer bestege wurde as earder yn Trotwaer, mar stiet dêr ek winst foar oer en is dy winst faaks grutter as it ferlies? Men kin ynstimme mei de redenaasje dat de presintaasje fan literatuer yn in breder blêd, in bredere kontekst, in bredere omjouwing syn wearde, syn nut ha kin. Mar de fraach oft dat ek sa is yn de wize dêr’t dat yn de Moanne op dien wurdt soe ik net fuort ja op sizze doare. Ik tink dat de Moanne dêrfoar tefolle tefolle eaget as in rommelkast. Binnen de Moanne kin wat it oanpart en de presintaasje fan de literatuer oangiet, tinkt my, by einsluten allinne mar praat wurde fan ôfbraak en teloargong.

Mar der is sprake fan ôfbraak en teloargong op noch in terrein, dat fan it brûken fan it Frysk.
Yn de Moanne is de fiertaal net allinne (mear) it Frysk. Yn Trotwaer stie inkeld ek wolris in Nederlânsktalige bydrage, mar yn de Moanne is it brûken fan it Nederlânsk struktureel wurden.
Lêsten is by gelegenheid fan it ôfskied (yn ferbân mei syn pensjonearring) fan de Frysksinnige sjoernalist fan de Leeuwarder Courant Pieter de Groot in middei wijd oan it Frysk yn de media. Ut de berjochtjouwing wie op te meitsjen dat út ’e hoeke fan de grutte media wei – LC, Friesch Dagblad en Omrop Fryslân – gjin nijs te melden wie. It wie op himsels in begryplik ûnderwerp by it ôfskied fan ien as Pieter de Groot, allinne net fleurichmeitsjend: dy ivige werhelling fan setten en de net-ôflittende strider Teake Oppewal dy’t wol wer mei de kop tsjin ’e muorre rinne wol. By de beide kranten bliuwt it sa’t it is, by Omrop Fryslân nimt de druk om mear Nederlânsk ta. In feest mei sa’n tema, de boarne dêrfan kin hast net oars wêze as masogistyske lust.
Dat by de kommersjele kranten de LC en it Friesch Dagblad it Frysk amper oan bod komme kin, dêr falt yn te kommen, mar dat by it út reden fan Fryske taalbefoardering wei subsidiearre de Moanne (it subsidiearjen om taalpolitike redenen jildt foar de provinsje, mar dat spilet fansels ek mei by de subsidiearring troch it lanlike NLPVF) net al dy skoandere siden foar it Frysk brûkt wurde is winliken ûnbegryplik. Krekt by de Moanne kin it en dan docht men it net. Mar dat soe men dochs net wolle en tolerearje moatte. Krekt troch de Moanne is der romte foar Frysk yn de media en dan sa dom wêze om dy romte net te brûken.
As ik it goed ha dan brûkt men by de Moanne ek it Nederlânsk om’t der net genôch goeie Frysktalige kopij te besetten wêze soe en om mei Nederlânsktalige stikken Nederlânsktalige lêzers nei it Frysk ta te lûken. Mar wa’t yn de Moanne ynteressearre binne dat fansels Frysk-lêzers, lju dy’t wat mei it Frysk ha, foar de lêzers fan de Moanne is it brûken fan it Nederlânsk dêrom eins gewoan in klap yn it gesicht. Foaral dus ek om’t der al syn bytsje mooglikheden foar it Frysk binne. It subsydzjejild dat de Moanne krijt wurdt dêrom net goed bestege.
Om werom te kommen op it idee fan net genôch goeie kopij. Ik moat earlik sizze dat ik yn de Nederlânsktalige bydragen noch nea in mearwearde sjoen ha. Mar wêr’t ik op komme wol is dit, Nederlânsktalige, Ingelsktalige ensafuorthinne stikken, dy’t geskikt wêze soene foar de Moanne, kinne dochs gewoan oerset wurde.
It is no al safier, sjoen it lêste nûmer fan de Moanne dat Frysktalige auteurs gewoan de romte krigen ha foar in Nederlânsktalige bydrage of dêr faaks om frege binne.
De Moanne is út it Frysktalige Trotwaer wei evaluearre nei it twatalige tydskrift de Moanne. Dat is mei it each op ’e romte foar it Frysk yn ’e media in tryste saak. It falt net oars te omskriuwen as in saak fan ôfbraak en teloargong.

De konstellaasje dêr’t de Moanne sûnt koart yn sit is dizze. De ynstituten Afûk, Tresoar en Fryske Akademy ha alle trije in sit yn de stichting de Moanne. Dy ynstituten ha foar harren stipers, freonen en meiwukers in kollektyf abonnemint nommen. Om de Moanne fan de ûndergong te rêden – it blêd krige op eigen krêft net mear as 700 abonnees byinoar, wylst dat om yn de takomst fersekere te wêzen fan it provinsjaal subsydzje 1200 wurde moasten ha de trije ynstituten har ta dragers fan de Moanne makke. De redaksje sil yn dy konstellaasje de redaksjonele ûnôfhinklikheid yn stân hâlde wolle, mar it is yn ’e praktyk fansels in ûnmooglikheid om dan noch as in ûnôfhinklik algemien-kultureel opinyblêd te funksjonearjen.
Boppedat sille de ynstituten har ek yn it blêd sjen litte (wolle) troch bydragen fan de meiwurkers en dat sil fansels meastentiids útdraaie op plichtmjittige stikken en boarstklopperij, net op nijsgjirrige sjoernalistyk yn alle gefallen. Ek op it mêd fan opiniearring en ûnôfhinklikheid kin men der net omhinne om te praten fan ôfbraak en teloargong.

Yn it earste de Moanne-nûmer fan dit jier neamt haadredakteur Ernst Bruinsma yn syn redaksjoneel ik leau hast wol hûndert en mear dingen op dêr’t it yn de Moanne dit jier net oer gean sil. Men is yn ’e wille om te tinken dat it as grap bedoeld is, want it binne allegear stik foar stik prima ûnderwerpen. Ik tink dêrom dat yn dat redaksjoneel stiet wat de lêzer it kommende jier fan de Moanne ferwachtsje kin. Yn it redaksjoneel fan it folgjende nûmer kin dit moai stean: minder Frysk, mear Nederlânsk, minder opiny, mear klupnijs, minder djipgravende stikken, mear aardichheidsjes.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *