
Myself I long for love and light,
But must it come so cruel, and oh so bright?
Leonard Cohen, Joanne of Arc
I.
Op ’e skreiershoek
foechleas in stoanjende stee
oarlochsglês ynein
II.
Sjane dwelmet om
op in trochnaaid tizehiem
sjitleaden fleane
III.
Nacht op nacht op nacht
fleach de siedder op har oan
oant flym him kearde
IV.
Mem hat it witten
ringfeart djip en wûnderwiet
seegrien har boeteklaad
V.
Inkeld har stimmen
yn barbeknypte keamers
famke praat foar tsien
VI.
Brânmûlen flaaie
de edelfrou op ’e troan
splinterflewiel skroeit
VII.
Fjoertoer yn it lân
geil folterjende tongen
sykje hout en fleis
VIII.
Op flaugluorkjend hiem
skoffelet steech de lichtens
oan jiske tarre