
Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw
Kroantsjepinne yn it swit
Douwe krige gjin wink yn ’e eagen, syn wat rjappel-eftige antlit hie in pinige útdrukking, de koarts gisele troch it langliddich liif; hy trille en switte ûnder de tinne tekkens en smiet se op it lêst mar op ’e grûn, ek al wie it roetkâld yn syn Ljouwerter sliepkeammerke, dat nammentlik gjin eigen ferwaarming hie. Uteinlik gie er der mar ôf, bibbertoskjend joech er him del efter syn buro, no ja, eins wie it mar in skurf keukenstaffeltsje, in ôflizzerke fan syn mem, frou Sytske Schukking, dêr’t er noch by yn ’e hûs wenne, yn Huzum, by Ljouwert. Meikoarten koe er aldergeloks it âlde, ikehoutene buro fan syn slim sike omke Bouwe oernimme.
Hy wreau ris oer syn promininte noas en krige syn kroantsjepinne út in metalen doaske, tige hoeden stuts er de punt yn ’e inket, en gie wer fierder mei it brief dêr’t er dy middeis mei úteinsetten wie. In brief oan Simke Kloosterman, de dichteres dy’t him hieltyd mear yn ’e besnijing krige. Se wiene noch nea mei-inoar yn ’e kunde kommen, mar dochs fielde er in stadich waaksende ferealens yn him opkommen. Syn wynbrauwen glinsteren fan it swit en hy stoarre nei it blomkebehang.
‘De wiere, de grutte leafde, men fynt se yn it libben om jin hinne sa komselden, dy leafde, dy’t opbloeit út sielemienskip…’ ‘Want wier, sa djip ik soms fiel, dat wy byinoar hearre…’ Gie er net te fier? Soe Simke net kjel wurde fan soksoarte romantyske, koartseftige opstigingen? Hy koe der neat oan dwaan, hy krige har net by him wei. Simke har foto hie er út ’e krante knipt en yn in skrift plakt, algeduerigen moast er der nei sjen: it kreaze bosk krolhier, it fine noaske en de freonlike, mar tige opnimstige útdrukking yn har leave eagen…
Douwe gie oerein, hy hie in tigen toarst, mar fielde him in stik opbettere troch it uterjen fan syn alderynlikste emoasjes; it langjen nei leafde dat sa lang, sa lang op ’e boaiem fan syn siel lein hie te wachtsjen op de Iene, wie ynienen nei bûten ta iepen brutsen, as in skrutele reade roas dy’t him stadich… Hy koe efkes net de krekte formulearring mear betinke, en rûn de keamer út. Yn ’e ienfâldige, mar skytskjinne keuken geat er himsels in glês wetter yn, en fielde opnij in grutte krêft yn syn liif en siel streamen – oant dat it hommels ferskinend stal yn ’e doariepening fan syn mem him sa opskrille dat er in sêfte gjalp joech en heal tsjin it keukenblok oanswile, potten en pannen rattelen fan skrik.
“Douwe, wat is der mei dy oan ’e hân, wêrom skrikst sa? Ik bin dyn mem!” It lûd fan de likernôch fyftichjierrige frou Schukking wie frijwat skel, de eagen stiene har hurd yn ’e holle, de tinne lippen parste se gear ta in strange streek. “Ik haw nei alle gedachten in goarre skipe, mem.” Douwe syn sonoar lûd, mei de wat deftige útspraak fan it Frysk, like net bot oantaast troch de ynfluenza.
Woe Douwe net in lekkere beker waarme poeiermolke hawwe? Hy sloech de nachtlike traktaasje foarkommend mar, sa fûn frou Schukking, al wat hastich ôf en krûpte wer op bêd. Hy woe ek gjin medisinen hawwe. Se fertroude de saak net rjocht. Hoewol’t Douwe syn brieven altyd op in feilich plak opburch, en syn keamersdoar altyd op slot die, hie syn mem de foarige deis op in momint dat er der gjin erch yn hie syn keamer trochsocht en syn brieven oan Simke ûntdutsen. Dat wiene noch min ofte mear saaklike brieven, mar syn mem fielde dat der mear efter stuts as in suver literêre en Frysksinnige korrespondinsje.
Nei in healoerke wrotten en draaien ûnder de tekkens kaam de sliep en yn syn dreamen rûn Douwe hân yn hân yn in simmersk lânskip, mei wat him earst Simke talike, mar allinkendewei feroare yn in kant jong feint, mei koart, ljocht krolhier en blauwe eagen. Se joegen har tegearre del yn it hege gers en…
Mei in kaam waard er beskamsum wekker, en yn syn lange, wollene ûnderbroek wie sprake fan beskate lichaamlike prosessen, dêr’t ik (AvT) út diskreesje fierder net op yngean kin.
Tenei mear
Diel 1
Diel 2
Diel 3
Diel 4
Diel 5
Diel 6
Diel 7
Diel 8
Diel 9
Diel 10
Diel 11
Diel 12