Gerbrich de Jong

Op syk nei Fryske boeken foar learlingen fan 12-15 jier

logo.ensafh

Dosinten wolle harren learlingen graach oan it lêzen krije. Miskien omdat se der sels fan hâlde en de learlingen deselde lêswille gunne. Mar grif ek omdat lêzen geunstige effekten hat. Yn de Leesmonitor, in magazine fan Stichting Lezen, wurdt ferslach dien fan wittenskiplik ûndersyk nei de effekten fan lêzen. In greep út de ûndersyksresultaten yn de meast resinte Leesmonitor (2017): lêzen fergruttet de wurdskat fan bern en hat in geunstich effekt op de skoalprestaasjes (Duursma 2011; Notten 2012); learlingen dy’t in soad lêze skoare heger op yntelliginsjetesten en ha bettere kânsen op de arbeidsmerk (Buisman e.o. 2013; Ritchie, Bates en Plomin 2015). It geunstige effekt fan lêzen kin sa gearfette wurde: lêzen ferrommet ús tinken, lêzen leart ús om oaren better te begripen en lêzen fergruttet ús wolwêzen (Stichting Lezen 2017).
Dochs lêze bern net in soad. Miskien net iens omdat se der in hekel oan ha, mar omdat der noch sa folle oare dingen te dwaan binne. Skoalle freget in soad tiid en dêrneist binne der fansels hobbys, freonen en, as de learling wat âlder is, bybaantsjes. Om in puber te motivearjen om dochs te lêzen is it fan belang dat er positive lêsûnderfiningen opdocht. Dat slagget allinnich as er boeken yn hannen krijt dy’t by him passe.
Mar hoe komt hy oan sa’n boek? Bern yn de boppebou witte hast neat fan Fryske boeken en Fryske skriuwers (Wallinga 2012, 46). Foar bern yn de ûnderbou sil dat allyksa jilde. Learlingen falle dêrom by it kiezen werom op de âlders en benammen op de dosint, sa docht bliken út ûndersyk ûnder Fryske boppeboulearlingen troch Ans Wallinga. Foar it kiezen fan in Frysk boek jildt dat noch mear as by it kiezen fan in Nederlânsk boek. In dosint Frysk hat dus in kaaiposysje as it giet om it oanrieden fan in geskikt boek (Wallinga 2012, 59).

Lês hjir fierder (pdf)

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *