
Frysktalich teater en Fryske literatuer: bring se tichter byelkoar!
Temagearkomste Skriuwersboun oer skriuwen foar toaniel
Op tongersdei 19 april sil it Skriuwersboun in temagearkomste wije oan de ferbining tusken Frysk toaniel en Fryske literatuer. Wy wolle graach in oantrún jaan om de kreative kontakten tusken skriuwers en toanielmakkers yn Fryslân te fersterkjen. De jûn is útdruklik ek bedoeld foar elkenien dy’t yn Fryslân mei teater dwaande is en foar elk dy’t foar toaniel skriuwt of skriuwe wolle soe.
Anja Steegstra en Tjerk Kooistra sille ynliedings jaan oer harren ûnderfinings mei it skriuwen foar toaniel.
Nei harren fyzje op tekst en toaniel kin dêr op reagearre en fierder oer harsensskrabe wurde. Wy hoopje sa op oansetten ta kreativiteit foar mear performance yn de Fryske literatuer en mear literatuer op it Fryske toaniel.
Wy hoopje jo dêrom te sjen op 19 april yn it nije gebou OBE op de Aldehoustertsjerkhôf. Graach hearre wy fan jo foar 10 april fia as jo derby binne. Jou jo op troch it stjoeren fan in mail nei bestjoer@skriuwersboun.nl
Oer de sprekkers
Anja Steegstra hat yn 2014 ‘Skriuwbedriuw’ oprjochte. Se skriuwt yn opdracht nij, oarspronklik toaniel en set stikken oer yn it Frysk. Fierders is se regisseur en skriuwt eigen stikken dêr’t se ek in rol yn spilet. “Ik doch alles op gefoel en brûk dêrby myn jierrenlange ûnderfining as spiler.
Tjerk Kooistra is regisseur en toanielskriuwer. Sûnt 2007 regisearret er er it iepenloftspul yn Jorwert. Ferline jier hawwe se wer in Gouden Gurbe wûn as publykspriis. Tjerk is yn alles wat er docht in autodidakt, sa seit er sels. Hy hat him alles sels oanleard en stiet sa ek iepen foar wat oaren him fertelle kinne, dêr’t er it ien en oar fan opstekke kin.
Wêr? OBE (Aldehoustertsjerkhôf), dêrnei Tresoar
Wannear? 19 april 2018
Hoe let? Ynrin om 19:00 oere yn OBE en om 19:30 begjinne wy yn Tresoar
Yntree? Fergees (sawol foar leden as belangstellenden)