
De gemeente It Hearrenfean hat op inisjatyf fan de FNP besletten dat it net langer tastien is om ballonnen op te litten. Ballonnen binne skealik foar it miljeu en as in fûgel sa’n ding opfret, krijt it bist dêr lêst fan. Der binne noch in pear Fryske gemeenten dy’t it net langer ha wolle, dy ballonnen mei in kaartsje der oan. Skylge en It Amelân bygelyks, want ballonnen soargje foar fersmoarging yn de oseanen.
Lês fierder by Omrop Fryslân