Kollum Ferdinand de Jong: Fiif foar tolven

logo.ensafh

Jo hawwe fan dy gasten dêr’t jo net om frege hawwe. Se komme samar jo hiem op en beskôgje jo hûs as dat fan harren. Jo kinne der ek net folle oan dwaan, se komme as se der nocht oan hawwe. Fansels kinne jo wat maatregels nimme om harren ynteresse wat te timperjen, mar hielendal in garânsje dat se fuortbliuwe jout dat net. Sa hawwe wy alle jierren op itselde plak in spantsje protters dat besiket de soarte yn stân te hâlden. Dêr hawwe je net it measte lêst fan. Wy hawwe om hûs hinne ek in stik as wat nêstkasten foar sjongfûgels, gewoan omdat it in aardichheid is om te sjen hoe drok oft dy bisten it hawwe mei in fuorjen fan harren neiteam. As zzp’er sjogge jo dat geflean mei in soad werkenning oan as jo even mei in bakje kofje op jo terras sitte.

Lês fierder by Omrop Fryslân

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *