
Op freed 5 oktober is it Nasjonale Foarlêslunsj. Dan wurdt it ferhaal Straatje fan Yvonne Keuls massaal foarlêzen oan âlderein yn buerthuzen, biblioteken en soarchynstellingen yn hiel Nederlân. Foarôfgeand dêroan kinne minsken meidwaan oan in skriuwwedstriid mei as tema ‘Mijn straat’ of yn it Frysk ‘Myn strjitte’. Want neist de mooglikheid om in Hollânsktalich ferhaal yn te stjoeren, kin it ek in Frysk ferhaal wurde. It ferhaal mei maksimaal 1500 wurden telle en moat foar 24 augustus ynstjoerd wurde.
Wat witte jo oer jo hjoeddeistige en eardere strjitte en syn bewenners? Watfoar frjemde, spannende of gewoane saken spylje har ôf yn ’e strjitte? Yvonne Keuls daget jo út om it ferhaal fan jo strjitte te fertellen.
Sjoch foar mear ynformaasje by It Nijs